2010 Oudemirdum

Taspraak Deadebetinking 4 Maaie 2010 Aldemardum, troch J.G.Vogelzang, FNP-riedslid Gaasterlân-Sleat.

De gemeente Gaasterlân-Sleat wol graach de frijheidsbetinking yn stân hâlde. Ús gemeente hat dit jier graach finansjeel bydroegen oan de organisaasje fan de frijheidsbetinking yn Gaasterlân-Sleat op 17 april. Op meardere plakken binne tentoanstellings ynrjochte sa as yn it gemeentehûs en biblioteek yn Balk; Museum Mar en Klif yn Aldemardum en moarn is it de lêste dei dat de tentoanstelling in fakânsjesintrum Sondel te sjen is fan Kamp ,,Eisbär”.
Yn dit lustrumjier betinke wy foar de 65e kear dat wy befrijd binne fan in foar ús yllegale bûtenlânske oerhearsking fan 5 jier en betinke wy dêrby de grutte opofferingen dy’t de Twadde Wrâldoarloch mei him meibrocht hat. It is hjoed op 4 maaie wer in goed momint om ús ôf te freegjen hoe’t de frijheidsflagge derby hinget.

 Wat is der nedich om de frijheid wrâldwiid tichteby te bringen?

En dan net allinne  de frijheid wrâldwiid - dêr’t njonken in soad frijheid ek folle oarloch en ûnderdrukking bestiet – mar ek yn ús eigen lân. Oeral is frijheid minder fanselssprekkend dan dat it liket. Meardere minsken en groepen fan minsken fiele harren ûnwis. Minsken ûnderfine dat der hieltyd mear frijheidsbeheinings yn regeltsjes oplein wurde fanwege in hieltyd komplekser wurdende maatskippij. Minsken  hawwe it gefoel dat se net oft krekt-net mear gryp hawwe op de wrâld om harren hinne. Gjin gryp op de burokraatsie dy’t it gefoel jout dat jo betiden de luchtwegen tichtknypt wurde; ek gjin gryp op de polityk dêr’t men net altyd likefolle fertrouwen yn hat. Fan de ekonomy en fan it bedriuwslibben wurdt ek kwalik gryp field.

Der binne dus alle redenen om ús frijheid nei 65 jier nochris goed te oertinken en troch te tinken.

Wat is der nedich om frijheid wrâldwiid en yn eigen lân yn de praktyk tichteby te bringen.

Litte wy dan mar sjen nei dit monumint omt op dit plak de 2 jonge fersetsstriders Jacob Wilbers en Johannes Wissink yn de iere moarn op 27 febrewaris 1945 sûnder foarm fan proses fusillearre binne. Moarns om 6 oere binne de beide mannen út de plytsysel fan Snits helle. De earste is Jacob Wilbers, 26 jier, ûnderwizer út Abbegea en hy wie 4 dagen hjirfoar oppakt yn Wâldsein. Syn funksje wie bewapeningsoffisier by de NBS Wymbritseradiel. De twadde wie Johannes Wissink, 24 jier, skipstimmerman by de Marine yn Den Helder en wenne yn Snits. Hy is trije dagen foar syn dea oppakt yn ‘e Gastmer as sabotaazjekommandant fan NBS Wymbritseradiel. Ûnder leiding fan ‘e Dútske kommandant Max Strobel binne beide mannen moarns om ûngefear 8 oere hjir deasjitten. Dizze Ströbel wie ek oanwêzich by it deasjitten fan 5 mannen efter de Heaburgen yn Nijemardum op 6 april 1945. In dei letter is hy útfierder fan de fusillade op 6 minsken út Makkum.

Max Strobel is by de befrijing flechten oer de Ofslútdyk en hy is dêrnei altyd ûnfynber bleaun. Op oanwizings fan Gysbert Schotanus út Aldemardum hat de opgraving hjir plakfûn. Út it skriftlik ferslach dêrfan docht bliken dat men earst net wist wa dizze beide mannen wiene omt de gesichten ûnwerkenber wiene. Beide hiene in ring mei ynskripsje om in finger en dêroan koe men sjen wa’t hja wiene.

 Ik haw sa krekt frege wat der nedich is om frijheid wrâldwiid en yn eigen lân tichteby te bringen.

Jacob Wilbers en Johannes Wissink binne dêrfan in foarbyld. In frije maatskippij freget om dappere minsken. Om minsken dy’t har binnen de eigen mooglikheden fersette tsjin it ûnrjocht. Minsken dy’t troch fjochtsje bliuwe, ek as it dreech wurdt.

It gemeentebestjoer fan Gaasterlân-Sleat trunet har ynwenners der op oan om yn har sels jûn en de kommende tiid de fraach te stellen wat hy of sy foar in oar dwaan kin. Want sa lang oaren noch in eangst en oarloch libje, binne wy ek net frij. Helje de frijheid tichteby en begjin mei dieden út josels. Nea wer oarloch.

 

Toespraak Dodenherdenking 4 mei 2010 in Oudemirdum, door J.G. Vogelzang, FNP-raadslid Gaasterlân-Sleat

De gemeente Gaasterlân-Sleat wil graag de vrijheidsherdenking in stand houden. Onze gemeente heeft dit jaar financieel bijgedragen aan de organisatie van de vrijheidsherdenking in Gaasterlân-Sleat op 17 april. Op meerdere plaatsen zijn tentoonstellingen ingericht zoals in het gemeentehuis en bibliotheek in Balk, Museum Mar en Klif in Oudemirdum en morgen is het de laatste dag dat de tentoonstelling te zien is in het vakantiecentrum Sondel over het kamp Eisbär. In dit lustrumjaar herdenken wij voor de 65e keer dat wij bevrijd zijn van een voor ons illegale buitenlandse overheersing van vijf jaar. Wij herdenken daarbij de grote opofferingen die de Tweede Wereldoorlog met zich mee heeft gebracht. Het is vandaag op 4 mei weer een goed moment om ons af te vragen hoe de vrijheidsvlag erbij hangt.

Wat is er nodig om de vrijheid wereldwijd dichterbij te brengen?

En dan niet alleen vrijheid wereldwijd – waar naast veel vrijheid ook veel oorlog en onderdrukking bestaat – maar ook in ons eigen land. Overal is vrijheid minder vanzelfsprekend dan dat het lijkt. Meerdere mensen en groepen van mensen voelen zich onzeker. Mensen ondervinden dat er steeds meer vrijheidsbeperkingen en regeltjes worden opgelegd vanwege een steeds complexer wordende maatschappij. Mensen hebben het gevoel dat ze niet – of juist-niet meer grip hebben op de wereld om zich heen. Geen grip op de bureaucratie die je het gevoel geeft dat soms je luchtwegen worden dichtgeknepen; geen grip op de politiek waar men al evenmin weinig vertrouwen in heeft. Op de economie en het bedrijfsleven wordt ook nauwelijks grip gevoeld. Er is dus alle reden om onze vrijheid na 65 jaar nog eens goed te overdenken en doordenken.

Wat is er nodig om vrijheid - wereldwijd en in eigen land - in de praktijk dichterbij te brengen?

Laten wij dan maar kijken naar dit monument, omdat op deze plek twee jonge verzetsstrijders Jacob Wilbers en Johannes Wissink in de vroege morgen van 27 februari 1945 zonder vorm van proces gefusilleerd zijn. Om zes uur ‘s morgens zijn de beide mannen uit de politiecel van Sneek gehaald.

De eerste was Jacob Wilbers, 26 jaar, onderwijzer in Abbega en hij was vier dagen daarvoor opgepakt in Woudsend. Zijn functie was bewapeningsofficier bij de NBS in de gemeente Wymbritseradeel. De tweede was Johannes Wissink, 24 jaar, scheepstimmerman bij de Marine in Den Helder. Hij woonde in Sneek. Drie dagen voor zijn dood was hij opgepakt in Gaastmeer als sabotagecommandant van NBS Wymbritseradeel.

Onder leiding van de Duitse commandant Max Strobel zijn de beide mannen hier ’s morgens rond acht uur doodgeschoten. Dezelfde Max Strobel was ook aanwezig bij het doodschieten van de vijf mannen aan de zeedijk bij Heaburgen in Nijemirdum op 6 april 1945. Een dag later is hij uitvoerder van de fusillade op 6 mensen in Makkum. Max Strobel is bij de bevrijding gevlucht over de Afsluitdijk en hij is daarna altijd onvindbaar gebleven. Op aanwijzing van Gijsbert Schotanus uit Oudemirdum heeft de opgraving hier plaatsgevonden. Uit het schriftelijk verslag daarvan is gebleken dat men eerst niet wist wie deze beide mannen waren omdat de gezichten onherkenbaar waren. Beide mannen hadden een ring met inscriptie om een vinger en daaraan kon men zien wie zij waren.

Ik heb zojuist gevraagd wat er nodig is om vrijheid wereldwijd en in eigen land dichterbij te brengen.

Jacob Wilbers en Johannes Wissink zijn daarvan een voorbeeld. Een vrije maatschappij vraagt om dappere mensen. Om mensen die zich binnen hun eigen mogelijkheden verzetten tegen het onrecht. Mensen die door blijven vechten, ook als het moeilijk wordt.

Het gemeentebestuur van Gaasterlân-Sleat dringt bij zijn inwoners aan om voor zichzelf vanavond - en de komende tijd – de vraag te stellen wat hij of zij voor een ander kan doen. Want zolang anderen nog in angst en oorlog leven zijn wij ook niet vrij. Haal de vrijheid dichterbij en begin met daden vanuit uzelf. Nooit weer oorlog.