2012 Elahuzen

Taspraak Deadebetinking 4 maaie 2012 yn Ealahuzen, troch J.G.Vogelzang, FNP-riedslid Gaasterlân-Sleat

De gemeente Gaasterlân-Sleat wol graach syn meiwurking jaan oan ‘e 4 maaie betinkingen yn dy gemeente. Dêrfoar wurde riedsleden frege en ik wurkje hjir graach oan mei omt ik my mei hert en siel ferbûn fiel mei eltsenien dy’t op de ien op oare wize lijd hat ûnder de oerhearsking en wreedheden fan de besetters. Wy tinke hjoed nei oer alle boargers en militêren fan it ‘Keninkryk der Nederlanden’ dy’t – wêr ek op ‘e wrâld – omkommen binne fan it begjin ôf op 10 maaie 1940 fan de Twadde Wrâldoarloch yn oarlochssituaasjes en by fredesoperaasjes. Oant 1961 ta waarden tidens de Nasjonale Deadebetinking allinne de Nederlânske slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch betocht. Fan 1961 ôf wurde op 4 maaie ek de slachtoffers betocht fan oare militêre konflikten sa as de polisjonele aksjes yn Nederlânsk-Ynje en de fredesoperaasjes sa as yn Libanon of Bosnië.

It lanlike tema is hjoed: ‘VRIJHEID GEEF JE DOOR’. Dat kin fansels op alderhande manieren barre sa as troch de ferhalen te fertellen sadat der nea wer oarloch komt. Sa stean wy hjir by it Algemiene Vredesmonumint dat net allinne bestimd is foar de deunby deasjitten Joop Schweitzer en de yn Nederlânsk-Ynje omkommen Anna de Boer-de Boer.

It ûntwerp foar dit fredesmonumint is makke troch de yn 2001 ferstoarne Foke Winia-Twijnstra út Ealahuzen. Sy woe yn 1995 wat delsette sadat bern begripe soene dat der ek oare tiden west binne. Op dy wize hat sy it begryp Vrijheid trochjûn.

VRIJHEID GEEF JE DOOR jildt ek foar al dy minsken dy’t warber west binne yn it ferset tsjin de oerhearskers.  It bylket sa moai op de betinkingsplaat oan it riedshûs yn Balk dêr’t stiet: ‘Striden tsjin ûnrjocht en slavernij sadat wy yn frede foar rjocht en frijdom weitsje. NBS fersetskommandant Master Simon Tette Hofstra út Ealahuizen wie hjirfan in treflik foarbyld mei syn Ealahúster NBS fersetsgroep.

VRIJHEID GEEF JE DOOR troch in skûlplak oan te bieden oan Joaden en oan ûnderdûkers. In gefaarlike oangelegenheid foar de ûnderdakoanbieder omt de besetter strange straffen útdielde en sawol de ûnderdakferliener as de ûnderdûker nei konsintraasjekampen stjoerde of daliks deaskeat. Foarbyld is de ûnderdûker Leendert van Zandbergen dy’t op 24 augustus 1944 yn syn Sondeler ûnderdûkadres oppakt is en 6 wiken letter yn it konsintraasjekamp Neuengamme ferstoarn is. Hjir binne yn Ealahuzen ek minsken west dy’t in skûlplak oanbean hawwe oan Joaden en ûnderdûkers. Sûnder oaren te koart te dwaan freegje ik oandacht foar it ûnderdakjouwers Meine van der Sluis en Zwaantje van der Sluis- de Jong. Sy bewennen doe hjir de no net mear besteande ‘Zathe Stilgelegen’. As jo by de tsjerke stean dan stie dy pleats 1200 meter it lân yn en wie allinne te berikken oer spoarweirails mei in lorry en in grutte hûn. In ideaal ûnderdûkersplak mar jo moatte dat wol oandoarre en ek wolle. Meine en Zwaantje van der Sluis hiene self 9 bern en sy namen ek nochris de deistige soarch foar 10 ûnderdûkers. Yn totaal dus 21 persoanen en dêr kamen ek nochris sa no en dan persoanen foar in pear nachten. Op 5 augustus 1944 soe Joop Schweitzer by harren komme mar sa’t wy witte is hy ien dei earder hjir deasjitten.

Stel je no ris foar: 21 minsken moatte alle dagen iten hawwe. Alle dagen waarden der 75 jirpels skyld en alle wiken moast der in skiep slachte wurde. Der moast drinken wêze, klean ensfh. De bakker, de slachter en de winkelman wisten allegearre dat der op de pleats mear minsken wiene dan allinne it gesin fan de famylje van der Sluis. Allegearre hawwe yn alle talen swijd hjiroer.

In hiel bysûnder barren hat plakfûn op 31 desimber 1944, âldjiersjûn. Fansels is it dy jûn kâld en tsjuster. Jûns om 21.15 oere wurdt Geertje Arya Ritskes yn Zathe Stilgelegen berne. De ropnamme wurdt Gea en sy is de dochter fan it ûnderdûkersechtpear Titte Martinus Ritskes en fan Cornelia Vooijs út Velsen. Mem Zwaantje van der Sluis- de Jong is de gelegenheidsbaakster en sy wie wol wat wend mei har 9 bern.

De âlde fertroude dokter van der Bijlaart út Balk hat dy jûn de baby op ‘e wrâld holpen. De dokter wie mar lyts en moast in stoof brûke om syn wurk yn de bedstee dwaan te kinnen. Frou Van der Sluis hat holpen mei it byljochtsjen fan in petroleumlampe. Elkenien moast de keamer út en sy moasten mar nei de stâl en fermakken harren dêr mei in ferslieten monopoaljespul. Der is in pear kear besite west fan Dútsers en lânwachters. Gelokkich is der neat fûn. Foar al it goede wurk dat it gesin fan Meine van der Sluis en Zwaantje van der Sluis-de Jong yn de oarloch dien hawwe, is in beam mei harren namme plante yn it Israelyske Beatrixwoud. Neffens my hiene sy wol in hiel bosk fertsjinne.

It tema: ‘VRIJHEID GEEF JE DOOR’ is dus hiel tapaslik foar dy famylje van der Sluis. Sy hawwe in feilich ûnderdak oanbean – en de frijheid ûnbaatsuchtich trochjûn - oan û.o. it echtpear Ritskes. Op 31 desimber 1944 koe dêrtroch Gea Ritskes feilich berne wurde yn in frijheid libje.

Njonken it betinken fan ús oarlochsdeaden haw ik ek graach oandacht freegje wollen foar dizze wize om frijheid troch te jaan. Litte wy de oarlochslachtoffers net ferjitte en mei-elkoar soargje foar in bliuwende frede sadat de dea fan oarlochsslachtoffers net fergees west is.

Ik wol dizze deadebetinking graach einigje mei in gedicht fan Titia Geertman.

Toespraak Dodenherdenking 4 mei 2012 Elahuizen door Jan Geert Vogelzang, FNP-raadslid Gaasterlân-Sleat.

De gemeente Gaasterlân-Sleat wil graag zijn medewerking geven aan de 4 mei herdenkingen in onze gemeente. Hiervoor worden raadsleden gevraagd en daar werk ik graag aan mee. Ik voel mij met hart en ziel verbonden met iedereen die op een of andere wijze geleden heeft onder de overheersing en wreedheden van de bezetters. Wij denken vandaag na over alle burgers en militairen uit het Koninkrijk der Nederlanden die – waar ook ter wereld – omgekomen zijn vanaf het oorlogsbegin op 10 mei 1940 van de Tweede Wereldoorlog in oorlogssituaties en bij vredesoperaties.Tot 1961 werden tijdens de Nationale Dodenherdenking alleen de Nederlandse slachtoffers van de Tweede Wereldoorlog herdacht. Vanaf 1961 worden op 4 mei ook de slachtoffers herdacht van andere militaire conflicten zoals de politionele acties in Nederlands-Indië en de Vredesoperaties zoals in Libanon of Bosnië.

Het landelijke thema vandaag is: “VRIJHEID GEEF JE DOOR”. Dit kan natuurlijk op allerlei manieren gebeuren. “VRIJHEID GEEF JE DOOR” door de verhalen te vertellen zodat er nooit weer oorlog komt. Zo staan wij hier bij het Algemene Vredesmonument dat niet alleen bestemd is voor de hier dichtbij neergeschoten Joop Schweitzer en de in Nederlands-Indië omgekomen Anna de Boer – de Boer.

Het ontwerp van dit Vredesmonument is gemaakt door de in 2001 overleden Foke Winia – Twijnstra uit Elahuizen. Zij wou in 1995 iets neerzetten waardoor kinderen konden begrijpen dat er ook andere tijden geweest zijn. Op deze wijze heeft zij het begrip Vrijheid doorgegeven.

VRIJHEID GEEF JE DOOR geldt ook voor al die mensen die bijzonder actief geweest zijn in het verzet tegen de overheersers. Het staat zo mooi op de herdenkingsplaat aan het oude raadhuis in Balk waar staat: “Striden tsjin ûnrjocht en slavernij sadat wy yn frede foar rjocht en frijdom weitsje”. (Vertaling: Gestreden tegen onrecht en slavernij zodat wij in vrede voor recht en vrijheid waken). NBS-verzetscommandant Meester Simon Tette Hofstra uit Elahuizen was hiervan een voortreffelijk voorbeeld met zijn Elahuister NBS verzetsgroep.

VRIJHEID GEEF JE DOOR” door een schuilplaats aan te bieden aan Joden en onderduikers. Een gevaarlijk avontuur voor de onderdak aanbieder omdat de bezetter strenge straffen uitdeelde en zowel de onderdak verlener als de onderduiker naar concentratiekampen stuurde of direct doodschoot. Een voorbeeld daarvan is de onderduiker Leendert van Zandbergen. Hij werd op 24 augustus 1944 op zijn Sondeler onderduikadres opgepakt en zes weken later is hij in het Duitse concentratiekamp Neuengamme overleden. Hier in Elahuizen zijn ook mensen geweest die een schuilplaats geboden hebben aan Joden en onderduikers. Zonder anderen te kort te doen vraag ik aandacht voor de onderduikgevers Meine van der Sluis en Zwaantje van der Sluis – de Jong. Zij woonden toen hier in de niet meer bestaande Zathe Stilgelegen. Als je bij de kerk staat, dan stond de boerderij op 1200 meter verder in het land. De plaats was alleen te bereiken over spoorrails met een lorrie en een grote trekhond. Vanwege de achterafligging was het een ideale schuilplaats maar je moet het wel aandurven en ook willen. Meine en Zwaantje van der Sluis hadden zelf al 9 kinderen en zij namen daarbij nog eens de dagelijkse zorg erbij voor 10 onderduikers. In totaal dus 21 personen en er kwamen zo nu en dan nog eens personen voor enkele nachten. Op 5 augustus 1944 zou Joop Schweitzer bij hen komen als onderduiker maar zoals wij allemaal weten is hij een dag eerder hier doodgeschoten. Stel je nu eens voor: 21 mensen moeten alle dagen te eten hebben. Alle dagen werden er 75 aardappelen geschild en alle weken moest er een schaap geslacht worden. Verder moest er voldoende drinken zijn, kleding enzovoort. De bakker, de slager en de kruidenier wisten allemaal dat er op de boerderij meer mensen waren dan alleen het gezin van de familie Van der Sluis. Allemaal hebben ze in alle talen hierover gezwegen.

Een heel bijzondere gebeurtenis heeft in Zathe Stilgelegen plaatsgevonden op 31 december 1944, oudejaarsavond. Natuurlijk is het die avond koud en duister. Om 21.15 uur wordt die avond Geertje Arya Ritskes in Zathe Stilgelegen geboren. Haar roepnaam wordt Gea en zij is de dochter van het onderduikersechtpaar Titte Martinus Ritskes en van Cornelia Ritskes - Vooijs uit Velsen. Moeder Zwaantje van der Sluis - de Jong is de baakster bij deze gelegenheid want zij was wel wat gewend met haar eigen negen kinderen. De oude vertrouwde dokter Van der Bijlaart uit Balk heeft die avond de baby ter wereld geholpen.

De dokter was klein en moest een stoof gebruiken om zijn werk in de bedstede te kunnen doen. Mevrouw Van der Sluis heeft geholpen met het bijlichten in de bedstede door middel van een petroleumlamp. Iedereen moest de kamer uit en iedereen werd naar de stal gestuurd. Hier vermaakten zij zich met een versleten monopoliespel. Er zijn enkele keren bezoeken geweest van de Duitsers en landwachters. Gelukkig is er niets gevonden. Voor al het goede werk dat het gezin van Meine van der Sluis en Zwaantje van der Sluis – de Jong in de oorlog gedaan hebben, is een boom met hun naam gepland in het Israëlische Beatrixwoud. Volgens mij hebben zij wel een bos verdiend.

Het thema “Vrijheid Geef Je Door” is dus heel toepasselijk voor de familie van der Sluis. Zij hebben een veilig onderdak aangeboden – en de vrijheid onbaatzuchtig doorgegeven – aan onder anderen het echtpaar Ritskes. Op 31 december 1944 kon daardoor Gea Ritskes veilig geboren worden en in vrijheid leven. Naast het herdenken van onze oorlogsdoden heb ik graag aandacht gevraagd voor deze manier om vrijheid door te geven. Laten wij de oorlogsslachtoffers niet vergeten en met elkaar zorgen voor een blijvende vrede, zodat de dood van de oorlogsslachtoffers niet tevergeefs is geweest.

Ik wil de dodenherdenking graag eindigen met een gedicht van Titia Geertman.

Eén dag per jaar, zijn wij stil in Nederland
en in die paar minuten smeden wij een band.
Een band met ons verleden,
met mensen die er niet meer zijn,
met mensen die wij niet kennen,
maar die ons dierbaar zijn.
Eén dag per jaar zijn wij stil in Nederland
en met hen die ons verlieten,
smeden wij een band.
Want door hun moedig dragen,
kunnen wij, in vrijheid alles doen.
Twee minuten stilte, is alles wat zij vragen,
twee minuten stilte, voor wat zij hebben verdragen.
Twee minuten stilte, voor de mensen van toen.