Jan Melles van der Goot

FOAROPWURD

Yn de oarlochsskiednis fan Gaasterlân mei de libbensskiednis fan Jan Melles van der Goot net ûntbrekke.  Hy wie yn 1903 yn Wikel berne en yn 1931 nei Ljouwert ferhuze foar in oplieding ta kandidaatnotaris. Syn ferstjerren ,as net-troude man”, wie koart nei it begjin fan de oarloch op 29 july 1940 yn It Hearrenfean. Yn ‘e perioade 1933 – 1940 stie Jan Melles yn ‘e Fryske belangstelling fanwege syn mei-oprjochting fan it Frysk Faksistefront (FFF) yn 1933 (It FFF is neffens Wikipedea warskynlyk yn 1934 opgean yn de NSB fan Ir. A.A. Mussert). Jan Melles is ek bekend wurden as mei-oprjochter en lieder fan ‘e Fryske Folkspartij yn 1938.

As ik Gaasterlanners frege wa’t Jan Melles van der Goot yn ‘e oarloch west wie, dan kriich ik meastal te hearren dat hy in ,,foute” Nederlander west hie dy’t mei de Dútsers hâlde. Myn folgjende fraach wie dan: ,,Wie hy NSB ‘er, SS ‘er of sa?”.  ,,Ah, nee, juh, wist wol, hy wie by de Fryske Beweging dy’t Fryslân wol by Dútslân hawwe woene”. En dat wie foar my krekt de drompel om mear ûndersyk te dwaan nei faksisten, Fryske Folkspartij, nei de Fryske Beweging en nei de persoan fan Jan Melles van der Goot. Doe’t ik oan in goekunde yn 1998 fertelde dat ik lid wurden wie fan de Fryske Nasjonale Partij (FNP), wie it antwurd daliks: ,, Wit wol watst dochst, sy wiene yn de oarloch ferkeard”. Ik bin doe daliks op syk gean nei de histoarje fan de Fryske Beweging en de FNP. Beide saken stean folslein los fan elkoar en it is in misfetting dy’t jierren yn stân bleaun is. De FNP is earst oprjochte yn 1961.

Yndie wiene der in pear foaroanmannen fan ‘e Fryske Beweging dy’t yn 1940 sympaty hienen foar de Dútske foarstellen foar in selsstannich  Fryslân. Dochs yn alle organisaasjes en streamingen binnen wol inkele leden dy’t in ôfwikende miening hawwe.  De FNP is oprjochte yn 1961 en stribbet dernei om mear foech te jaan oan provinsjes, in sterker provinsjaal bestjoer en dêrtroch in sterker Fryslân.  Jan Melles van der Goot hie it alderbêste mei Fryslân foar en hy miende dat earstoan te dwaan troch de gearwurking mei Dútslân oan te gean. Al ridlik gau nei de Dútske ynfal feroaret Jan Melles fan gedachten en feroardielet yn in brief de Dútske ynfal troch op te merken dat Dútslân stribbe nei ,, neakte oerhearsking en macht”. Dútslân hie syn wurd brutsen foar Nederlân oer en dat soe Dútslân yn’e takomst belije moatte. Hy wie bang dat Dútslân wat tefolle yn macht leaude. Spitigernôch is de brief nea boppe wetter kommen. Troch it Dútske machtsfertoan by de begraffenis fan Jan Melles is it byld bestean bleaun dat hy ,,in ferkearde Nederlander”wie.

Mei dit stikje skiednisûndersyk hoopje ik de persoan Jan Melles van der Goot yn in positiver perspektyf setten te hawwen.

 JAN GEERT VOGELZANG 2017

Jan Melles van der Goot

VOORWOORD

In de oorlogsgeschiedenis van Gaasterland mag de levensgeschiedenis van Jan Melles van der Goot niet ontbreken. Hij was in Wijckel op 26 augustus 1903 geboren en in 1931 naar Leeuwarden vertrokken voor een opleiding tot kandidaat-notaris. Zijn overlijden als ongetrouwde man was kort na het begin van de Tweede Wereldoorlog op 29 juli 1940 in Heerenveen. In de periode van 1933 – 1940 stond Jan Melles in de Friese belangstelling vanwege zijn mede-oprichting van het Fries Fascistenfront (FFF) in 1933. Naar alle waarschijnlijkheid is de FFF – volgens Wikipedia - in 1934 opgegaan in de NSB van Ir. A.A. Mussert. Jan Melles was ook de medeoprichter en leider van de Fryske Folkspartij in 1938. Als ik inwoners van Gaasterland vroeg wie Jan Melles van der Goot in de Tweede Wereldoorlog geweest was, dan kreeg ik meestal te horen dat hij een “foute” Nederlander was geweest die met de Duitsers sympathiseerde. Mijn volgende vraag was dan: “Was hij NSB’er, SS’er of zo?”. “Ah, nee, juh, hy wie by de Fryske Beweging dy’t Friesland wel bij Duitsland wilde hebben”. (Vertaling: hij was bij de Friese Beweging die Friesland wel bij Duitsland wilde hebben). En dat was voor mij nu net de drempel om meer onderzoek te gaan doen naar fassisten, Fryske Folkspartij, de Friese beweging en naar de persoon van Jan Melles van der Goot. Toen ik aan een kennis vertelde in 1998 dat ik lid was geworden van de Fryske Nasjonale Partij (FNP), was zijn antwoord direct: “Wit wol watst dochst, sy wiene yn ‘e oarloch ferkeard”. (Weet wel wat je doet, zij waren in de oorlog “verkeerd”). Toen heb ik direct mijn onderzoek opgestart naar de historie van de Fryske Beweging en de FNP. Beide zaken blijken geheel los van elkaar te staan en het is een verkeerde opvatting dat jaren in stand is gebleven. De FNP is pas opgericht in 1961 en heeft dus geen oorlogsverleden.

Inderdaad waren er een paar partijbaronnen binnen de Fryske Beweging die in 1940 sympathie hadden voor de Duitse voorstellen om tot een zelfstandig Friesland te komen. Maar in alle organisaties en stromingen zijn altijd wel enkele leden te vinden die een afwijkende mening hebben. De FNP is opgericht in 1961 met als streven om meer bevoegdheid te geven aan provincies, een sterker provinciaal bestuur en daardoor een sterker Friesland. Jan van der Goot had het allerbeste voor met Friesland en hij meende er goed aan te doen om daarvoor een samenwerking met Duitsland aan te gaan. Al vrij snel na de Duitse inval op 10 mei 1940was Jan Melles van gedachten veranderd en veroordeelde de Duitse inval door op te merken dat Duitsland streefde naar “naakte overheersing en macht”. Duitsland had zijn woord gebroken om geen oorlog tegen Nederland te beginnen en deze belofteschending moest in de toekomst gewroken worden. Jan Melles was bang dat Duitsland wat teveel in macht geloofde. Helaas is deze brief nooit in archieven aangetroffen. Door het Duitse machtsvertoon bij de begrafenis van Jan Melles is het beeld blijven bestaan dat Jan Melles een “verkeerde” Nederlander was.

Met mijn geschiedenisonderzoek hoop ik Jan Melles van der Goot in een positiever perspectief te hebben gezet.

JAN GEERT VOGELZANG 2017

JAN MELLES VAN DER GOOT Berne 26 augustus 1903 yn Wikel Stoarn 29 july 1940 yn It Hearrenfean

Familiewapen Van der Goot (www.Holkema.net)

YNLIEDING

Jan Melles van der Goot wurdt berne op 26 augustus 1903 yn Wikel om 01.30 oere. Syn âlders binne Melle van der Goot, feehâlder en Grietje van der Gaast. Jan Melles giet studearjen foar kandidaatnotaris en wurdt yn Fryslân bekend as mei-oprjochter fan it Frysk Faksistefront en lieder fan ‘e Fryske Folkspartij. Yn syn frije tiid wie Jan Melles van der Goot  skriuwer mei publikaasjes ûnder eigen namme en ûnder pseudonym Jan Mellema. Hy wie in fûl Frysk nasjonalist dy’t de boerekultuer ferhearlike. Hy sette him ôf tsjin de dékadinsje fan it stêdslibben. Op 30 maaie 1933 wie hy mei-oprjochter fan it Frysk Faksistefront. It bestean hjirfan hat mar in pear moannen duorre. Yn 1937 skreau Jan Melles van der Goot de brosjuere: ,, En dû jongerein fan Fryslân” dy’t alle fiif en tweintich punten fan it Nasjonaal-sosjalistysk program ynhâlde. Yn al syn skriuwen wie gjin plak foar religy. Jan Melles van der Goot neamde syn eigen tinken ,,nasjonaal-naturalisme”. Jan Melles van der Goot wie op 24 novimber 1938 de mei-oprjochter, de teoretikus en de propagandist fan de faksistoïde Fryske Folkspartij. It begryp fassisme stiet omskreaun as: antiparlementêr, sterk nasjonaal steatsstelsel wêryn’t de wetjouwende en útfierende macht opdroegen binne oan in diktator.  Jan Melles van der Goot naam wol ôfstân fan it Dútske sintralisme en it sosjalisme, mar kaam mei syn famyljelid – de konsekwinte en nasjonaal-sosjalist Rintsje Piter Sybesma (berne Tjerkgaast 22 jannewaris 1894)  - op foar de ,,Folkske rjochting” yn de Fryske Beweging. Sybesma waard nei de 2e wrâldoarloch feroardiele as in fûle nazi dy’t sels de Nationaal Socialistische Beweging (N.S.B.) te boargerlik fûn.

Jan Melles van der Goot skreau in moanne foar syn dea in artikel yn ,,It Fryske Folk”, it blêd fan de Fryske Folkspartij. Hy feroardiele dêryn de Dútske oerfal en waard nei oanlieding hjirfan persoanlik ûntbean by de nije Rykskommissaris Seys-Inquart op it Dútske Rykskommissariaat yn Den Haach. Fan wat hy dêr te hearren krige hat is neat bekend wurden, mar Jan Melles van der Goot is 25 july 1940 gammel op reis gien nei Den Haach en hy is dêrfan siik weromkommen. Neitiid hat er noch mar 4 dagen libbe. Hy hat in brief oan dizze en jinge skreaun dat hy him fan de Dútsers ôfkeare wollen hat. In oertsjûgjend bewiis lykwols ûntbrekt. Hy bleau troch syn manier fan libjen - û.o. ferslaafd oan morfine - nettsjinsteande syn talinten in kontroversjeel figuer. Syn dea kaam te betiid om in rol fan betsjutting spylje te kinnen, dochs sjoen syn persoanlikheid soe hy dat nei alle gedachten ek net dien hawwe. Jan Melles van der Goot krige in grutte begraffenis yn Wikel. Foargonger wie Ds. J.J. Kalma. Fan de Fryske Folkspartij brocht Douwe Kalma nei foaren dat Jan Melles van der Goot stoarn wie ,,net oan ‘e ein mar oan it begjin fan in tiidrek”. Douwe Kiestra fan de Fryske Folkspartij klage dat sa’n man deagien moast krekt no’t syn stribjen frucht drage soe.

Rintsje Sybesma brocht in lêste groet oan in geafeint en in lyktinkende. As lêste spriek noch in Dútser yn unifoarm. It wie dr. R.P.Oswald as ôffurdige fan Dr. Arthur Seys Inquart, de ,,befehlhaber” yn Nederlân. Oare unifoarmearre Dútske ôffurdigen brochten op it Wikelder tsjerkhôf de Hitler-groet, dochs in bewiis is net te finen dat hja dat diene foar in hûndert prosint freon.

Út meardere boeken en publikaasjes haw ik de wichtichste foarskiednis beskreaun fan de Fryske Beweging oant en mei it ferstjerren fan Jan Melles van der Goot op 29 july 1940. It is goed te witten wat de Fryske Beweging wie dêr’t Jan Melles van der Goot foar it grutste part bekend troch wurden is.

INLEIDING

Jan Melles van der Goot werd op 26 augustus 1903 in Wijckel geboren om 01.30 uur. Zijn ouders waren Melle van der Goot, veehouder en Grietje van der Gaast. Jan Melles ging studeren voor kandidaat-notaris. Hij zou later bekend worden als medeoprichter van het Friese Fascistenfront en als leider van de Fryske Folkspartij. In zijn vrije tijd schreef hij niet alleen publicaties met zijn eigen naam maar ook met het pseudoniem Jan Mellema. Hij was een felle Friese nationalist die de boerencultuur verheerlijkte. Hij zette zich vooral af tegen de decadentie van het stadsleven. Op 30 mei 1933 werd hij medeoprichter van het Frysk Fascistefront. Het bestaan hiervan heeft maar enkele maanden geduurd. In 1937 schreef Jan Melles de brochure: “En dû jongerein fan Fryslân” (Vertaling: En jij, jongeren van Friesland). De inhoud hiervan was alle 25 punten van het Nationaalsocialistische programma. In al zijn publicaties was geen ruimte voor religie. Jan Melles van der Goot noemde zijn eigen denkrichting: “nasjonaal-naturalisme”, (vertaling: nationaal-naturalisme). Op 24 november 1938 was hij de mede-oprichter, de theoreticus, de bedenker en de propagandist van de Fascistische Fryske Folkspartij. Het begrip fascisme staat omschreven als: antiparlementair; sterk nationaal staatsstelsel waarin de wetgevende en de uitvoerende macht opgedragen zijn aan een dictator. Jan Melles nam wel afstand van het Duitse centralisme en het socialisme. Met zijn familielid – de consequente en fundamentalistische nationalist-socialist Rintsje Piter Sybesma (geboren 22 januari 1894 in Tjerkgaast – nam hij het op voor de “volkse richting” in de Fryske Beweging. Sijbesma werd na de Tweede Wereldoorlog veroordeeld als een felle Nazi die zelfs de Nationaal Socialistische Beweging (NSB) te burgerlijk vond.

Jan Melles van der Goot schreef een maand voor zijn onverwacht overlijden een artikel in het “It Fryske Folk”, het blad van de Fryske Folkspartij. Hij veroordeelde daarin de Duitse overval. Naar aanleiding van de publicatie werd hij persoonlijk ontboden bij de nieuwe Rijkscommissaris Seyss-Inquart op het Duitse Rijkscommissariaat in Den Haag. Wat hij daar te horen heeft gekregen is nooit bekend geworden. Wel is bekend dat Jan Melles op 25 juli 1940 ziekelijk op reis is gegaan naar Den Haag en dat hij daarvan ziek is thuisgekomen. Na deze reis heeft hij nog 4 dagen geleefd. Aan enkele mensen had hij geschreven dat hij zich van de Duitsers wilde afkeren. Een overtuigend bewijs daarvoor ontbreekt. Jan Melles bleef door zijn manier van leven – onder andere verslaafd aan morfine – niettegenstaande zijn talenten een controversieel persoon. Zijn dood was te vroeg gekomen om een rol van betekenis te kunnen spelen. Gezien zijn persoonlijkheid zou hij dat naar alle waarschijnlijkheid ook niet gedaan hebben.

Jan Melles kreeg een grote begrafenis in Wijckel. De voorganger was dominee J.J. Kalma. Vanuit de Fryske Folkspartij bracht Douwe Kalma naar voren dat Jan Melles van der Goot gestorven was “net oan ‘t ein mar oan it begjin fan in tiidrek” (Vertaling: niet aan het eind maar aan begin van een nieuwe periode). Douwe Kiestra van de Fryske Folkspartij vond het jammer dat Jan Melles nu juist was overleden precies op het moment dat zijn streven vrucht zou beginnen te dragen.

Rintsje Pieter Sijbesma bracht een laatste groet aan een Friese vriend en een gelijkdenkende. Als laatste spreker diende zich in een Duitser in uniform aan. Het was Dr., R.P. Oswald als afgevaardigde van Dr. Arthur Seys-Inquart, de “befehlhaber” in Nederland. Andere Duitse afgevaardigden brachten op het Wijckeler kerkhof de Hitlergroet. Nogmaals, er is geen bewijs te vinden dat zij dat deden van een honderd procent vriend.

Uit meerdere boeken en publicaties heb ik de belangrijkste voorgeschiedenis beschreven over de Fryske Beweging tot en met het overlijden van Jan Melles van er Goot op 29 juli 1940. Het is goed te weten wat de Fryske Beweging is geweest waardoor Jan Melles van der Goot voor het grootste gedeelte bekend geworden is.

Bertehûs yn Wikel, Jachtlustwei 24. Boud en bewenne troch Melle Martens van der Goot 1871 -1957.

DE FRYSKE BEWEGING OANT 1914

De Fryske Beweging moat sjoen wurde as in stribjen, al as net troch middel fan ferienings, nei it rjocht dwaan fan in folk dat fan miening is yn grutter steatsferbân kultureel en polityk syn gerak net krigen te hawwen. Der soe steld wurde kinne dat sa’n stribjen bestiet sûnt de ein fan de midsieuwen doe’t  ferneatigjend ynwindich skeel oan krêften fan bûten de kâns jûn hie in ein te meitsjen oan it selsstannich bestean fan it kearngebiet fan de âlde folksmienskip mei somstiden ûngewoane foarmen fan frijheit en in grutte rykdom fan foar it grutste part yn eigen taal opskreaune rjochtsteksten.

Yn 1498 rôpen Westergoaske Skieringers hartoch Albrecht van Saksen om help. Albrecht wie de man oan wa’t de Hollânske greve Filips (de Schone) de rjochten ferkocht hie dy’t hy op Fryslân miende te hawwen. Albrecht slagge deryn om de folle bút út Fryslân wei te heljen. De Fryske frijheit wie histoarje wurden. It wie Fryslâns eigen skuld omdat hja – yn de tiid doe’t it noch mooglik wie – fersomme hienen har te ferienigjen ta in steatsmienskip nei Switsersk foarbyld mei mienskiplike organen en in haadstêd. Fryslân hie in soarte fan demokrasy kend, mar gjin demokratyske dissipline. De frijheit wie tefolle fersnipele en it tal lytse rjochtsmienskipkes wurde aloan grutter.

Fryslân stie yn de tiid fan de Uny fan Utert – mei syn op papier romhannich boerekiesrjocht – ûnder in oligargistysk bewâld fan in lyts tal foarname famyljes dêr’t taal en miening fan de gewoane man amper yn te fernimmen wie. Earst yn it lêst fan de achttjinde ieu doe’t de Frânske revolúsjonêre ideeën troch hiel Europa gongen, ûntwekke de nocht oan it ûndersykjen en oanpriizgjen fan it folkseigene en krige de frijheit in frisse glâns. De Fryske Beweging datearret feitlik fan dy tiid. De Fryske beweging hat yn haadsaak altyd in taalbeweging west mar syn doelen meie net te beheind sjoen wurde.

Sawat alle taalstriid komt fuort út de oanwêzichheid fan in maatskiplike boppelaach dy’t in oare taal brûkte as de folkstaal. It stribjen fan de Fryske beweging om de folkstaal syn plak (werom) te jaan wie net allinne literêr mar  hast mear noch in sosjaal stribjen.

Op 14 septimber 1844 wurdt yn ,,Het Gouden Wagentje” oan ‘e Nijstêd yn Ljouwert it ,,Selscip foar Frysce Teal in Scriftekinnisse”oprjochte. Dit selskip wurdt letter ,,Selskip 1844” neamd. By de oprjochting waard sein dat de Fryske taal ûnferbrekber ferbûn is mei it Fryske wêzen, mei siel en sede fan it folk. As de taal ferlern gean soe, dan wie it ek út mei alles wat de Friezen ûnderskiede fan oare folken. Der wie al in Frysk Genoatskip, oprjochte yn 1827,  mar dat lei de klam mear op de skiednisstúdzje, âldheid en taalkunde as op ‘e taalstriid; de omgongstaal fan it Frysk Genoatskip wie it Hollânsk. Yn it taalgebrûk wie it Selskip 1844 folle radikaler as it Frysk Genoatskip. It is op dit punt dat it Selskip 1844 begjint, dêr’t it Genoatskip syn grins fûn hie om’t it net brûken fan it Frysk in dúdlike oantaasting betsjutte fan it sosjaal patroan lykas dat him yn it taalgebrûk manifestearre; hoe heger, hoe Hollânsker; hoe leger, hoe Frysker. In opstribjend laach begûn de omgongstaal te kultivearjen en dêrtroch te meitsjen dat it nei boppen kommen yn de maatskippij wolris earder liede koe ta ferfrysking as ta ûntfrysking. Der siet dúdlik in ommekear yn fan de ferhâldings: ynstee fan in teken fan ûnderdienigens drige it sprekken yn de Fryske taal in bewiis fan ynfierenheid en selsbewustens te wurden. En yn de ienheidssteat hold dat fan begjin ôf de woartels yn fan in konflikt.

In hiel oar soarte, mar allikegoed net minder Frysk, bewustwêzen kin fûn wurde yn de ein fan de njoggentjinde ieu opkommende sosjalistyske beweging. Dat opkommen foar dizze beweging is yn Fryslân sa fûleindich, dat Fryslân in skoftlang as sintrum en brânpunt fan it sosjalisme yn Nederlân jildt. Yn 1887 ûntstiet yn Fryslân in eigen sosjalistyske partij, de Friesche Volkspartij, dy’t twa kear sa grut is as it lanlik Sosjaal-demokratysk Bûn fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis. It brûken fan it Frysk en de taalstriid joech oan de ûntjouwing fan de arbeidersbeweging in spesjaal aksint. Noch in wichtich feit wie de massale oanhing yn Fryslân dy’t neffens Piter Jelles Troelstra wol deeglik te krijen hie mei de idee fan de Fryske frijheid. By de Fryske arbeidersbeweging bestiene wol deeglik ,,Frysknasjonale” opfettings. Dat docht bliken út it liet ,,Op Friezen op! Der falt foar’t rjocht te striden dat dichte is troch de sosjalistyske foaroanman Tjeerd Stienstra en dat songen is op de earste Nederlânske Maaiedemonstraasje yn 1890 yn Ljouwert. Yn dat liet wurdt in dúdlik berop dien op Frysknasjonale sentiminten. De foarmannen yn Hollân hienen dêr hielendal gjin begryp foar.

Yn it blêd ,,Recht voor Allen” skreau Domela Nieuwenhuis: ,, Het is alsof Friesland een eiland is waar andere verhoudingen bestaan en waar alles verschilt van elders. Dat is speculeren op in provincialisme waartegen moet worden opgekomen. Wij zijn Nederlanders, hetzij wij in Friesland wonen, hetzij wij in een andere provincie wonen en dit moet niet uit het oog worden verloren”. Domela-biograaf Meyers seit sûnder mear dat hjir sprutsen wurde kin fan in nasjonalistyske tsjinstelling. Dizze tsjinstelling wie bysûnder skealik foar de Fryske  beweging en late ta ûndergong fan sawol de Sosjaal-demokratyske Bond als fan 'e Friesche Volkspartij.

Meyers wiist derop dat de wêzentlike oarsaak foar de  skea lei by Domela Nieuwenhuis mei syn dogmatyske oanhing yn Amsterdam. Hja sochten de krêft yn it isolemint.

DE FRYSKE BEWEGING TOT 1914

 De Fryske Beweging moet worden gezien als een streven, al of niet door middel van verenigingen, naar het recht doen aan een volk dat van mening is in een groter staatsverband cultureel en politiek zijn zin niet gekregen te hebben. Gesteld zou kunnen worden dat een dergelijk streven al bestond sedert het einde van de middeleeuwen. In die tijd was er een vernietigende interne ruzie doordat krachten van buiten Fryslân de kans hadden gekregen een einde te maken aan het zelfstandig bestaan van het kerngebied van de oude volksgemeenschap. Daarin waren soms ongewone vormen van vrijheid en in grote rijkdom van voor het grootste gedeelte in eigen taal opgeschreven rechtsteksten.

In 1498 riepen de Westergose Schieringers Hertog Albrecht van Saksen om hulp. Hertog Albrecht was een man aan wie de Hollandse graaf Filips (De Schone) de rechten verkocht had die hij op Fryslân meende te bezitten. Albrecht slaagde erin om de volle buit uit Fryslân weg te halen. De Friese vrijheid was nu verleden tijd. Het was de eigen schuld van Fryslân omdat zij – in de tijd dat het nog mogelijk was – hadden verzuimd zich te verenigingen in een staatsgemeenschap naar Zwitsers voorbeeld met gemeenschappelijke organen en een hoofdstad. Fryslân zou daardoor een soort van democratie gekend hebben maar geen democratische discipline. De vrijheid was te veel versnipperd en het aantal kleine rechtsgemeenschappen werd langzamerhand steeds groter.

Fryslân stond in de tijd van de Unie van Utrecht – met zijn op papier ruimhartig boerenkiesrecht – onder een oligarchisch bestuur van een klein aantal voorname families waarin de taal en de mening van de gewone man nauwelijks waar te nemen was. Eerst op het einde van de 18e eeuw toen de Franse revolutionaire ideeën door heel Europa gingen, ontwaakte het plezier aan het onderzoeken en het aanprijzen van het volkseigen en kreeg de vrijheid een frisse glans. De Fryske Beweging dateert feitelijk vanaf die tijd.

De Fryske Beweging is in hoofdzaak altijd een taalbeweging geweest maar zijn doelen mogen niet te beperkt gezien worden. Bijna elke taalstrijd komt voort uit de aanwezigheid van een maatschappelijke bovenlaag dat een andere taal spreekt als die van de volkstaal. Het streven van de Fryske Beweging om de volkstaal zijn plaats (terug) te geven was niet alleen literair maar bijna nog meer een sociaal streven.

Op 14 september 1844 werd in het “Gouden Wagentje” aan de Nieuwstad in Leeuwarden het “Selscip foar Frysce Tael in Scriftekinnisse” opgericht. Een genootschap voor Friese taal. Dit gezelschap werd later “Selskip 1844” (Gezelschap 1844) genoemd. Bij de oprichting werd gezegd dat de Friese taal onverwrikbaar verbonden was met de eigenheid van het Fries zij, met ziel en zeden van het volk. Als de taal verloren zou gaan, dan was het ook voorbij met alles wat de Friezen onderscheidde van andere volken. Er was al een Fries Genoatskip (Genootschap), opgericht in 1827. Dit genootschap legde meer de nadruk op de geschiedenisstudie, de oudheid en de taalkunde dan op de taalstrijd. De omgangstaak van het Genootschap was het Hollands. In het taalgebruik was het Selskip 1844 veel radicaler dan het Fries Genoatskip uit 1827. Met dit punt begon het Selskip 1844 omdat het Fries Genoatskip hier zijn grens had gevonden omdat niet het gebruiken van de Fries taal een duidelijke aantasting betekende van het sociale patroon evenals dat zich in het taalgebruik manifesteerde: hoe hoger, hoe Hollandser; hoe lager, hoe meer Fries. Een opkomende bevolkingslaag begon de omgangstaal te cultiveren en het daardoor te maken dat het naar boven komen in de maatschappij weleens eerder kon leiden tot verfriezing dan tot ontfriezing. Er zat duidelijk een omkeer in de verhoudingen: in plaats van een teken van onderdanigheid, dreigde het spreken in de Friese taal een bewijs van ingevoerdheid en zelfbewustzijn te worden. En in de eenheidsstaat hield dat vanaf het begin de wortels in van een conflict.

Een heel ander soort bewustzijn, maar niet minder Fries, kan worden gevonden aan het einde van de negentiende eeuw bij de opkomende socialistische beweging. Dat opkomen voor deze beweging is in Fryslân zo fel, dat Fryslân een tijdlang als centrum en als brandpunt van het socialisme in Nederland geldt. In 1887 ontstond in Fryslân een eigen socialistische partij, de Friesche Volkspartij, die twee keer zo groot was als het landelijke Sociaal-democratische Bond van Domela Nieuwenhuis. Het gebruiken van het Fries en de taalstrijd gaf aan de ontwikkeling van de arbeidersbeweging een speciaal accent. Nog een belangrijk feit was de massale aanhang in Fryslân die volgens Pieter Jelles Troelstra wel degelijk te maken had met het idee van de Friese vrijheid. Bij de Friese arbeidersbeweging bestonden er zeker “Friesnationale” opvattingen. Dat bleek wel uit het lied: “Op Friezen op! Der falt foar’t rjocht te striden” (Kom op, Friesen; er valt voor het recht te strijden). Het lied was gemaakt door de socialistische pommerant Tjeerd Stienstra. Het werd gezongen op de eerste Nederlandse Mei-demonstratie in 1890 in Leeuwarden. In dat lied werd duidelijk een beroep gedaan op Friesnationale sentimenten. De voormannen in Nederland hadden daar helemaal geen begrip voor.

In het blad “Recht voor Allen” schreef Domela Nieuwenhuis: “Het is alsof Friesland een eiland is waar andere verhoudingen bestaan en waar alles verschilt van elders. Dat is speculeren op in provincialisme waartegen moet worden opgekomen. Wij zijn Nederlanders, hetzij wij in Friesland wonen, hetzij wij in een andere provincie wonen en dit moet niet uit het oog worden verloren”. De Domela-biograaf Meyers zei ondermeer dat hier gesproken kon worden van een nationale tegenstelling. Deze tegenstelling was bijzonder schadelijk voor de Fryske Beweging en leidde tot de ondergang van zowel de Sociaal-Democratische Bond als van de Friesche Volkspartij.

Meyers wees erop dat de wezenlijke oorzaak voor deze schade bij Domela Nieuwenhuizen lag met zijn dogmatische aanhang in Amsterdam. Zij zochten de krachten in het isolement.

FRYSKE BEWEGING NEI 1914

De earste wrâldoarloch en syn neisleep brochten ek it tinken oer nasjonalisme yn Fryslân yn in streamfersnelling. Der bestie al langer ûnfrede mei it neutrale en gouvernementele Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse. Yn 1908 wie it Kristlik Selskip ta stân kommen foar emansipaasje fan de Kristlike Friezen mar de organisaasje moast wurkje yn de rûnte ,,dêr’t it oppasse moast mei oerhaastigjen”. Midden yn de earste wrâldoarloch wie ek in Fryslân dúdlik wurden dat de nei-oarlochske tiid ek oare ferhâldings bringe soe. De wurdfierder fan dat nije tinken wie Douwe Kalma (1896 – 1953) dy’t yn syn taspraak ,,Fryslân en de wrâld” Fryslân in plak joech as skeakel tusken Ingelân en Skandinavië. Hy stifte de Jongfryske Mienskip.

Douwe Kalma is letter net sûnder grûn ferwitten dat hy nochal ris polityk-maatskiplik swabbere hie (syn bynamme wie Douwe sich-sach). Wol hie hy ien konstante yn syn tinken: de Friezen foarmje in folk mei in eigen kultuer en hawwe dêrom rjocht op in eigen plakje yn de wrâld.

Nei 1920 kaam Eeltsje Boates Folkertsma (1893-1968) nei foaren as de pleitbesoarger fan nasjonaal-Fryske oplossings. Dat hie te krijen mei de tanimmende ynfloed fan frij radikale jonge minsken yn it Christlik Selskip (fan 1925 ôf it Kristlik Frysk Selskip neamd), lykas Inne de Jong fan Nijemardum en Fedde Schurer. Folkertsma pleitte yn in rede ,, Selsbestjûr for Fryslân” op Twadde Krystdei 1929 foar in autonome status fan Fryslân binnen it Nederlânske steatsferbân. Hy wiisde fierder op it belang fan politike aksje. Folkertsma ornearre dat net miend wurde moat dat Fryslân it mei inkeld taalaksje oprêde kin mar der moat ek politike aksje by.

FRYSKE BEWEGING NA 1914

 De nasleep van de eerste wereldoorlog bracht ook het denken over het nationalisme in Friesland in een stroomversnelling. Er bestond al langer onvrede met het neutrale en gouvermentele “Selskip foar Fryske tael en Skriftekennisse”. In 1908 was het “Kristlik Selskip” tot stand gekomen voor de emancipatie van Christelijke Friezen. Maar de organisatie moest werken in de omgeving “waar het moet oppassen voor het overhaasten”. Midden in de eerste wereldoorlog was het in Friesland duidelijk geworden dat de na-oorlogse tijd ook andere verhoudingen zou brengen. De woordvoerder van het nieuwe denken was Douwe Kalma (1896-1953) die in zijn toespraak “Fryslân en de wrâld” Friesland een plaats gaf als schakel tussen Engeland en Scandinavië. Hij stichtte de Jongfryske Mienskip (Jongfriese gemeenschap).

Douwe Kalma is later niet zonder reden verweten dat hij nogal eens politiek-maatschappelijk zigzagde (zijn bijnaam was Douwe zigzag). Wel was hij in zijn denken over één ding constant: De Friezen vormen een eigen cultuur en hebben daarom recht op een eigen plek in de wereld. Na 1920 kwam Eeltje Boates Folkertsma (1893-1968) naar voren als de pleitbezorger van nationaal-friese oplossingen. Dat had te maken met de toenemende invloed van vrij radicale jonge mensen in het Christlik Selskip (vanaf 1925 werd de naam Kristlyk Frysk Selskip. Bekende namen waren Fedde Schurer uit Lemmer en Inne de Jong uit Nijemirdum. Folkertsma pleitte in een toespraak getiteld “Selbestjûr foar Fryslân” (zelfbestuur voor Friesland) op Tweede Kerstdag 1929 voor een zelfstandige status van Friesland binnen het Nederlandse staatsverband. Hij wees verder op het belang van politieke actie. Folkertsma beredeneerde dat niet moest worden verondersteld dat Friesland met alleen een taalactie kon volstaan maar dat daarnaast er een politieke actie moest komen.

Folkertsma syn rede wie lang sa radikaal net as de titel suggerearre en as hy eins wollen hie. Hy hie leaver oanwollen op in stúdzjeklup dy’t dan faaks letter útrinne koe op in eigen partij. Syn radikale maten Fedde Schurer en Inne de Jong (sjoch foto) fan Nijemardum like dat wol op fleanen; hja woene net heal yn ien partij mei alderhande konservative lju. Der kin net sein wurde dat it Frysknasjonale fielen sa wichtich wie foar yn de kristen-demokratyske partijen.

Folkertsma zijn toespraak was lang zo radicaal niet als de titel daarvan suggereerde en hij het eigenlijk bedoeld had. Hij had liever toegewerkt naar een studieclub dat dan later in een eigen partij kon opgaan. Zijn radicale vrienden Fedde Schurer en Inne de Jong vonden dat helemaal niets. Zij wilden absoluut niet in een partij met allerlei conservatieve mensen. Er kon niet gezegd worden dat het Friesnationale gedachtengoed erg belangrijk was voor Christelijke-Democratische partijen.

Benammen de ARP (Anti Revolutionaire partij) wie in partij mei in soad oanhingers fan it ,,drievoudig snoer” God, Nederlân en Oranje.

Oars leit it mei de yn 1928 oprjochte Christelijke Democratische Unie; in partij op kristlike grûnslach mei in sosjalistysk en antimilitaristysk programma dy’t yn Fryslân frij wat oanhing hie. Yn de CDU spilen út de grifformearde hoeke ôfkomstige Fryske Bewegingsminsken as Hindrik van Houten en Fedde Schurer in wichtige rol, en allyksa Douwe Kalma. De partij kenmerket him troch syn ,,oerhearskjend Frysk elemint mei alles wat dêrby oan ideologyske ynhâld hearde”.

De striid tusken Fryske ûnôfhinklikens en Hollânsk sintralisme spile in folle mear sintrale rol yn de Fryske SDAP. Dat hie fansels te krijen mei de sterke Fryske ynbring yn it sosjalisme fan foar 1930. It gewest Fryslân hie it measte tal leden.

Dat joech ek wer swierrichheden by de kandidaatstelling yn 1936. It lanlik haadbestjoer skode Koos Vorrink nei foaren en it gewest Fryslân gie foar it Fryske keamerlid Harm de Boer. Doch Harm de Boer luts him werom doe’t bliken die dat Vorrink maatregels nommen hie om ,,de invloed op de kandidaatstelling van de gewone leden in het algemeen, en van de Friese in het bijzonder, te verkleinen”. Sa’n 2000 ( in fjirde part) Fryske leden fan de SDAP betanken foar it lidmaatskip. In ûndersykkommisje fan de partij stelde fêst dat ,, het gewest Friesland der SDAP in de beweging een enigszins afzonderlijke plaats inneemt, in verband met het sterke zelfstandigheidsgevoel der Friezen in het algemeen”.

 JAN MELLES KOMT YN AKSJE

Dizze foarskiednis fan Fryske frijheit is needsaaklik om de tinkbylden en it wurk fan Jan Melles van der Goot ferklearjen te kinnen. Jan Melles van der Goot libbe yn de perioade fan it Frysk nasjonalistyske tinken mei Dûmny Geert Aeilco Wumkes, Sipke Huismans, Douwe Kalma, Eeltsje Folkertsma en Fedde Schurer. Yn de tritiger jierren fan de 20e ieuw komt it faksisme yn de Twadde Wrâldoarloch nei foaren. Op 30 maaie 1933 wurdt it Frysk Faksistefront oprjochte mei in manifest dat tekene wurdt troch Rintje P. Sijbesma, J.J. van de Weringh en de 29 jierrige Ljouwerter Jan Melles van der Goot. It partijtje hat warskynlyk net mear as 10 leden hân. Hja hawwe meiinoar 3 blêden ferskine litten mei de namme “De Foarhammer”. Jan Melles wie 16 april 1931 út Wikel wei nei Ljouwert ferhuze. Fan dizze trije oprjochters hawwe Rintsje P.Sybesma en Jan Melles van der Goot har fierdersoan mear en mear yn in nasjonaal-sosjalistysk rjochting ûntjûn. J.J. van Weringh wie de inisjatyfnimmer fan dit faksistefront. Van Weringh studearre teology yn Grins en hy hat Sybesma en Jan Melles van der Goot frege nei Grins te kommen. Yn it dêr opstelde manifest fersmieten hja: ,,it tsjinwurdich polityk systeem dat stridich is mei it wiere folksbelang en in sûn, ienriedich en sterk nasjonaal libben yn’e wei stiet”. De trije mannen skreauden de striid oan te gean mei it ,,folksgefaarlik Marksisme, it folksûntbinend liberalisme en it folksfijannich grutkapitaal”.

Vooral de Anti Revolutionaire Partij (ARP) was een partij met veel aanhangers van het “drievoudig snoer”” God, Nederland en Oranje.

Anders lag het met de in 1928 opgerichte Christelijke Democratische Unie (CDU): een partij op christelijke grondslag met een socialistisch en antimilitaristisch programma. In Friesland waren er nogal wat aanhangers. In de CDU speelden uit de Gereformeerde aanhang afkomstige Friese Bewegingsmensen – zoals Hendrik van Houten en Fedde Schurer, een belangrijke rol, met eveneens Douwe Kalma. De CDU kenmerkte zich door zijn “overheersend Fries element met alles daarbij dat aan ideologische inhoud hoorde”. De strijd tussen Friese onafhankelijkheid en het Nederlandse centralisme speelde een veel belangrijker rol in de Friese SDAP.

Dat had natuurlijk alles te maken met de sterke Friese inbreng en het socialisme van vóór 1930. Het gewest Friesland had de meeste leden.
Dat gaf ook weer problemen bij de kandidaatstelling in 1936. Het landelijk hoofdbestuur schoof Koos Vorrink naar voren. Het gewest Friesland deed dat met het Friese Kamerlid Harm de Boer. Maar…Harm de Boer trok zich terug toen bleek dat Vorrink maatregelen had genomen om “de invloed op de kandidaatstelling van de gewone leden in het algemeen, en van de Friese in het bijzonder, te verkleinen”. Ongeveer 2000 (een vierde deel) van de Friese SDAP leden bedankten toen voor het lidmaatschap. Een onderzoekscommissie van de partij stelde vast dat “het SDAP-gewest Friesland in de beweging een enigszins afzonderlijke plaats inneemt in verband met het sterke zelfstandigheidsgevoel van de Friezen in het algemeen”.

JAN MELLES KOMT IN AKTIE

Deze voorgeschiedenis van de Friese vrijheid is noodzakelijk te beschrijven om de denkbeelden en het werk van Jan Melles van der Goot te kunnen verklaren. Jan Melles leefde in de periode van het Friese nationale denken met daarbij dominee Geert Ailco Wumkes, Sipke Huisman, Douwe Kalma, Eeltsje Folkertsma en Fedde Schurer. In de dertiger jaren van de 20e eeuw komt het fascisme in de Tweede Wereldoorlog naar voren. Op 30 maart 1933 wordt een Frysk Faksistefront (Fries fascistenfront) opgericht doormiddel van een manifest dat getekend wordt door Rintje P. Sijbesma, J.J. van  Weringh en de 29-jarige Leeuwarder Jan Melles van der Goot. Het partijtje heeft waarschijnlijk niet meer dan 10 leden gehad. Zij hebben met elkaar drie partijbladen laten verschijnen met de naam “De Foarhammer” (De voorhamer). Jan Melles werd als Leeuwarder aangemerkt omdat hij 16 mei 1931 vanuit Wijckel naar Leeuwarden was verhuisd. Van de drie oprichters hebben Rintje P. Sijbesma en Jan Melles zich verder meer en meer ontwikkeld in een nationaalsocialistische richting. J.J. van Weringh was de initiatiefnemer geweest van dit fascistenfront. Van Weringh studeerde theologie in Groningen. Hij had Sijbesma en Jan Melles gevraagd naar Groningen te komen. In het daar opgestelde manifest verwierpen zij: “het tegenwoordige politieke systeem dat strijdig is met het ware volksbelang en een gezond, eendrachtig en sterk nationaal leven in de weg staat”.  De drie mannen wilden de strijd aangaan met het “volksgevaarlijke Marxisme, het volksontbindend liberalisme en het volksvijandig grootkapitaal”.

Alders (Ouders) Marten Melles van der Goot en Grietje van der Goot – van der Gaast.

Gezin van Jan Melles van der Goot

Melle van der Goot, berne 27-07-1871 yn Wikel wie NH, feehâlder en ferstoar 5-7-1957 yn Wikel, Jachtlustweg 44. Hy is in soan fan Marten Brants van der Goot en Durkje Melles de Koe. It gesin ferfear op 14 maaie 1940 fan Sondel 24 nei Wikel 18. Melle van der Goot troude op 9 maaie 1901 yn Wymbritseradiel mei Grietje van der Gaast, berne 24-08-1877 yn Tjerkgaast. Sy wie in dochter fan Jan Pieters van der Gaast (berne 10-6-1850 yn Doanjewerstal) en Antje Harings Nauta ( 15-3-1853 yn Wymbritseradiel).

De 6 bern binne allegearre yn Gaasterlân berne:

Durkje Jeltje 30-04-1902 7-06-34 nei St.Jacobiparochie
Jan 26-08-1903 4-06-33 nei Langwar 41
Haring 06-08-1908 8-01-31 nei Lippenhuzen
Petrus 09-01-1912 Trout mei M. Schuurmans op 3-05-40
Cornelis 28-05-1916 Trout op 15-7-52 mei G. van der Zee
Antje 27-07-1917 5-12-83 ferstoarn op ‘e Jouwer.

Yn dizze tritiger jierren hat Jan Melles van der Goot (mei skûlnamme J. Mellema) in pear boeken skreaun. In 1930 ferskynde fan him Boerentastannen en boerefraechstikken; yn 1932 kaam ,,Wy Friezen”. ,,En dû jongerein fan Fryslân” seach yn 1936 it ljocht. Dan ferskine yn 1937 twa boeken fan him: ,, Fornijing fan ús beskaving” en ,,Libbensleare foar de Frysk Nasjonalist”.

Gezin Jan Melles van der Goot

Melle van der Goot, geboren op 27 juli 1871 in Wijckel, veehouder, Nederlands Hervormd en overleed op 5 juli 1957 in Wijckel, Jachtlustweg 44. Hij is een zoon van Marten Brants van der Goot en Durkje Melles de Koe. Het gezin vertrok op 14 mei 1940 van Sondel 24 naar Wijckel 18. Melle van der Goot trouwde op 9 mei 1901 in de gemeente Wymbritseradeel met Grietje van der Gaast, geboren op 24 augustus 1877 in Tjerkgaast. Zij was een dochter van Jan Pieters van der Gaast, geboren 10 juni 1850 in de gemeente Doniawerstal en Antje Harings Nauta, geboren op 15 maart 1853 in de gemeente Wymbritseradeel.

Hun 6 kinderen werden allemaal in Gaasterland geboren.

Durkje Jeltje 30-04-1902 7-06-34 naar St.Jacobiparochie
Jan 26-08-1903 4-06-33 naar Langweer 41
Haring 06-08-1908 8-01-31 nei Lippenhuizen
Petrus 09-01-1912 Trouwt met M. Schuurmans op 3-05-40
Cornelis 28-05-1916 Trouwt op 15-7-52 met G. van der Zee
Antje 27-07-1917 5-12-83 overleden te Joure

In de economisch slechte periode van de dertiger jaren in de 20e eeuw schreef Jan Melles van der Goot (schuilnaam J. Mellema) enkele boeken. In 1930 schreef hij “Boerentastannen en boerefraechstikken (Boerentoestanden en boerenvraagstukken). In 1932 schreef hij “Wy Friezen”. In 1936 verscheen het boek “En dû jongerein fan Fryslân” (En jullie, jongelui van Friesland). Dan in 1937 verschenen er twee boeken van hem: “Fornijing fan ús beskaving” (Vernieuwing van onze beschaving) en “Libbenleare foar de Frysk Nasjonalist” (Levensleer voor de Friese nationalist).

Dit lêste boek is mei help fan Rintsje P.Sybesma. Syn boek is yn 1938: ,, Boustiennen foar it Frysk Nasjonalisme”. Organisatoarysk sil it faksisme (of nasjonaal-sosjalisme) yn de Fryske Beweging earst wat dúdliker foarm krije mei de oprjochting fan de Fryske Folkspartij (FFP) op 24 novimber 1938 yn Eagmaryp.  It is in ridikuul lyts groepke bleaun. Hoefolle leden der krekt west hawwe, is net nei te gean. Wol is bekend dat de oplage fan it technysk goed fersoarge ledeblêd Jan Melles (Foto Tresoar) op 8 septimber 1941 om- ende-by 200 eksimplaren wie. Der wiene in tritichtal beteljende abonnees.

Jan Melles van der Goot en Douwe Kiestra wiene de oprjochters en sa waard de Fryske Folkspartij de earste allinne op Fryslân rjochte politike organisaasje. It wie in Fryske Partij dy’t mear selsstannigens foar Fryslân easke as watfoar ferienings dan ek yn earder tiid.

Laatstgenoemd boek is geschreven met help van Rintje P. Sijbesma. In 1938 verscheen zijn boek: “Boustiennen foar in Frysk Nasjonalisme” (Bouwstenen voor een Fries nationalisme). Organisatorisch zal het fascisme ( of nationaalsocialisme) in de Friese beweging eerst wat duidelijker vorm krijgen met de oprichting van de Fryske Folkspartij (FFP) op 24 november 1938 in Akmarijp. Het is een belachelijk klein groepje gebleven. Hoeveel leden er precies geweest zijn, is niet na te gaan. Wel is bekend gebleven dat de oplage van het technisch goed verzorgde ledenblad op 8 september 1941 ongeveer 200 exemplaren was. Er waren een dertigtal betalende abonnees.

Jan Melles van der Goot en Douwe Kiestra waren de oprichters van de FPP en daardoor werd de partij de eerste alleen op Fryslân gerichte politieke organisatie. Het was een Friese partij dat meer zelfstandigheid van Fryslân eiste dan welke eerdere vereniging ooit.

Sa is it kaam ta in konflikt yn de Mienskip dat ûntstie nei’t it Haadbestjoer fan it Selskip 1844 syn ferbod útsprutsen hie oer karbriefoanfollings dy’t ynhâlden dat de Mienskip de Fryske striid ek oerbringe woe op it politike en maatskiplike mêd. Doe’t it op in letter algemiene gearkomste fan de Mienskip bliken die dat it meartal fan de oanwêzige leden efter it haadbestjoer stie, gyng it hiele haadbestjoer ôf en Jan Melles van der Goot en Douwe Kiestra rûnen út de Mienskip wei.

Yn de Mienskip foar Fryske Folksûntjouwing (letter is de namme feroare yn Fryske Mienskip) kamen yn 1932 grutte tsjinstellings tusken Jan Melles van der Goot en de lettere Doktor Douwe Kalma. Dizze beide mannen skreaunen yn harren blêd ,,It Heitelân”. Van der Goot joech dêryn in ferneatigjend oardiel oer de autokratyske lieding fan Douwe Kalma. Kalma wie neffens – de doe al nei it nasjonaal-sosjalisme oerhingjende - Van der Goot gjin Hitler omt Kalma oars wol it natuerlik liedersrjocht takommen wie. Van der Goot duorre te skriuwen dat Kalma net lieding jaan koe. Hy joech gjin romte oan minsken dy’t it net mei him iens wiene. Neffens Van der Goot wie it driuwend needsaaklik dat oan Kalma’s lieding in ein kommen moast en dat moast dan mar demokratysk plakfine.

Hoe’t dit yntern gien is, is net mear yn ,,It Heitelân” nei te gean. Wol stiet fêst dat Van der Goot yn de Mienskipslângeanne fan 4 septimber 1932 in moasje yntsjinne hat dêr’t hy it ôfgean fan Kalma frege. Oft dy moasje oannommen is, is net mear nei te gean. Wol blykt it yn maart 1933 safier te wêzen dat Kalma net mear yn it bestjoer sit. In 1932 hat Jan Melles met Rintje Sybesma ek de “Friesche Agrarische Bond” oprjochte om harren tinkbylden wrâldkundich te meitsjen oer de lânbou. Al in jier letter giet  de Bond op yn de Nationale Bond voor Landbouw en Maatschappij”.

Jan Melles van der Goot waard de teoretikus fan de Fryske Folkspartij neamd. Hy woe ûnder de ,,twang” fan it humanisme en kristendom wei. Gjin ,,skerpsliperij en haattsierderij”, skreau hy yn it earste nûmer fan ,,It Fryske Folk”, it krantsje fan syn partij. ,,Wy Fryske nasjonalisten wolle ta op in maatskippij sûnder klassestriid en sûnder sektarisme yn polityk en ferieningslibben”. En fierder:      ,, Wy wolle dat ús folkslibben geef en suver bliuwt yn bloed, taal en kultuer”. Mei sa’n útspraak hinget de Folkspartij tsjin guon nazistyske tinkbylden oan.

Nei de teloarstelling mei it F.F.F. joech Jan Melles noch gjin belies. Yn “Friezen en Facisten” troch Oebele Vries lêze wy in ferdjipping yn Jan Melles syn tinken dêr’t Jan Melles syn tinkbylden fierder útwurke wurdt yn omfangrike boeken sa as “” Fornijing fan ús beskaving”(Vernieuwing van onze beschaving, 1936) en “Libbensleare for de Fryske Nasionalist” (Levensleer voor de Friese nationalist, 1937).

Jan Melles besocht mei dizze boeken in alternatyf yn te stellen foar de kristlike humanitêre en intellektualystike kulteur útgeande fan syn waarnimmings van minsken en Fryske tastannen. Hy beskreau syn filosofie  as it “nationaal-naturalisme”. De essensje dêrfan is dat de minsk werom moat nei de iwige “libbenswierheid fan de natuer, dat ynhâldt dat it libben rjochte wêze moat op selshandhavenjen en libbensfoarsjennings en ferbûn mei it nasjonalisme. In wichtich plak moat oan in sûne yntuïsje takend wurde en dy moat dan ek net troch te folle ûnderwiis ôfstompt wurde.. Soks jildt benammen foar de frou omt op har ( en it legere folk) de plicht delkomt om it libben yn stân te hâlden. Alinne de elite moat “kultuerplichten” dochs de maatskippij moat dan ek neffens it atokratyske beginsel opboud wurde omt der in ongelikens is tusken minsken en rassen. Fierder is de lânbou wichtiger as de yndustry. As realiteit moat neffens Van der Goot “stelt wurde dat it libben hielwat minder edel en leaflik is dan de irreële kristlike en humanistike idealisten ferkondigje. Van der Goot ferklearre yn syn biologyske of naturalistike stelsel de “struggle for life” : it doel en it wearde fan it libben. In soad ferskil mei it nasjonaal-sosjalisme wie der net “útsein dat it leiderskipbeginsel en it militêrisme troch Van der Goot ôfwiisd waard omt de ienfâldige reden dat dy net by de Fryske tradysjes hearden”.

De skriuwer Trinus Riemersma fertelt dat Jan Melles van der Goot in dúdlik byld hat oer it plak fan de frou yn ‘e maatskippij. Neffens Riemersma hat van der Goot sein: ,, In frou heart geastlik ûnder de man te stean en lichamelik ûnder de man te lizzen”.

Zo kwam het tot een conflict in de Mienskip dat was ontstaan nadat het Hoofdbestuur van het Selskip 1844 zijn verbod had uitgesproken over de aanvullingen op de statuten die inhielden dat de Mienskip de Friese strijd ook wilde overbrengen op het politieke en maatschappelijke vlak. Later bleek op een algemene vergadering van de Mienskip dat de meeste van de aanwezige leden achter het beleid van het hoofdbestuur stonden. Daarom trad het Hoofdbestuur af en Jan Melles van der Goot en Douwe Kiestra liepen uit de Mienskip weg.

In die Mienskip foar Fryske Folksûntjouwing (later is de naam veranderd in Fryske Mienskip) kwamen in 1932 grote tegenstellingen tussen Jan Melles van der Goot en de latere Doctor Douwe Kalma. Deze mannen schreven in hun blad “It Heitelân” (Het Vaderland). Jan Melles gaf daarin een vernietigend oordeel over de autocratische leiding fan diezelfde Douwe Kalma. Kalma was volgens de toen al naar het nationaalsocialisme overhangende – Jan Melles geen Hitler omdat Kalma anders wel het natuurlijke leidersrecht had gekregen.

Jan Melles durfde te schrijven dat Douwe Kalma geen leiding kon geven. Hij gaf geen ruimte aan mensen die het niet met hem eens waren. Volgens Jan Melles was het dringend noodzakelijk dat aan de leiding van Kalma een eind moest komen maar dan wel op democratische wijze. Hoe dat intern gegaan is, is niet meer in “It Heitelân” na te gaan. Wel staat vast dat Van der Goot in de Mienskipslângeanne van 4 september 1932 een motie heeft ingediend waarin hij het vertrek van Kalma vroeg. Of die motie ook aangenomen is, is niet meer na te gaan. Wel blijkt het in maart 1933 zover te zijn dat Kalma niet meer in het bestuur zit. In 1932 had Jan Melles met Rintje P. Sijbesma de “Friesche Agrarische Bond” opgericht om hun denkbeelden wereldkundig te maken over de landbouw. Al een jaar later gaat de bond op in de Nationale Bond voor Landbouw en Maatschappij”.

Jan Melles van der Goot werd de theoreticus genoemd van de Fryske Folkspartij (FPP). Hij wou onder de “dwang” van het humanisme en christendom vandaan. Geen “scherpslijperij en haatgevoelens kweken”, schreef hij in het eerste nummer van “It Fryske Folk”, het krantje van zijn partij. “Wij Friese nationalisten willen toewerken naar een maatschappij zonder klassenstrijd en zonder sektarisme in politiek en verenigingsleven”. Verder schreef hij: “Wij willen dat ons volksleven zuiver blijft in het bloed, taal en cultuur”.  Met zo’n uitspraak hangt de Folkspartij tegen enkele Nazi-denkbeelden aan. Na de teleurstelling met de F.F.F. gaf Jan Melles nog niet op. In het blad “Friezen en Fascisten” door Oebele de Vries werd een verdieping beschreven in het denkpatroon van Jan Melles. Daarvoor werden de omvangrijke boeken gebruikt zo als bijvoorbeeld “Fornijing fan ús beskaving” in 1936 en “Libbensleare foar de Fryske Nasionalist” 1937.

Jan Melles probeerde met deze boeken een alternatief in te stellen voor de christelijke humanitaire en intellectuele cultuur dat uitgaat van zijn waarnemingen van mensen en Friese toestanden. Hij beschreef zijn filosofie als het “nationaal-naturalisme”. De essentie daarvan is dat de mens terug moet naar de eeuwige levenswaarheid van de natuur, dat inhoudt dat het leven gericht moet zijn op de zelfhandhaving en levensvoorzieningen en verbonden met het nationalisme. In belangrijke plaats moet aan de gezonde intuïtie toegekend worden. Dat moet niet te veel afgestompt worden door te veel onderwijs. Dat geldt vooral voor de vrouw omdat zij (en het lagere volk) de plicht heeft om het leven in stand te houden. Alleen de elite moet cultuurplichten vervullen. Maar die maatschappij moet dan ook volgens het aristocratische beginsel opgebouwd worden omdat er een ongelijkheid bestaat tussen mensen en rassen. Verder is de landbouw belangrijker dan de industrie. Als realiteit moet volgens Jan Melles gesteld worden dat het leven behoorlijk minder edel en lieflijk is dan de irreële christelijke en humanistische idealisten verkondigen. Jan Melles verklaarde in zijn biologische of naturalistische stelsel de “struggle for life”, het doel en de waarde van het leven. Er was niet verschil tussen met het nationaalsocialisme behalve dat het leiderschapsbeginsel en het militarisme door Jan Melles werd afgewezen om de eenvoudige reden dat die niet bij de Friese tradities hoorden.

De schrijver Trinus Riemersma vertelde dat Jan Melles een duidelijk beeld had over de plaats van de vrouw in de maatschappij. Volgens Riemersma had Jan Melles gezegd: “Een vrouw hoort geestelijk onder de man te staan en lichamelijk onder de man te liggen”.

Jan Melles fan maaie oan ôf.

Jan Melles van der Goot hat in foarsichtich oanhinger west fan Hitler en syn nije heidendom. De partijtsjinstellings woe hy útbalje; de konsekwinsje fan in ienpartijstelsel lei net fier ôf. De tsjerken moasten har bûten de polityk hâlde. Jan Melles van der Goot spruts it folksaardige fan it Dútske nasjonaal-sosjalisme tige oan. Hy miende dat dêr perspektiven ynsieten foar it behâld fan it Frysk wêzen neffens bloed en aard en foar it fersterkjen fan de Fryske kultuer. Hoewol proDútsk hat Jan Melles van der Goot dochs net tidige op in Dútske besetting.

Nei it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich op 10 maaie 1940 skriuwt Jan Melles van der Goot yn it junynûmer fan It Fryske Folk (it earste nei de Dútske oerfal) dat hy leaver hân hie dat Nederlân yn oarloch gean wie mei Ingelân en Frankryk ynstee fan mei Dútslân. Hy wie it ek iens mei folle dingen dy’t de Dútsers bestriden. Fryske en Hollânske belangen binne gelyk oan dy fan Dútslân. Mar foar de oerfal op Nederlân bestie neffens Jan Melles gjin rjochtfeardiging.  De Dútske ynfal hie neffens him net it suvere doel foar each om in ,,rjochtmjittige libbensromte” te meitsjen, dochs it like mear op ,, neakte oerhearsking en macht”. Dútslân hie syn wurd brutsen foar Nederlân oer en dat soe Dútslân yn’e takomst belije moatte. Hy wie bang dat Dútslân wat tefolle yn macht leaude en wat te min oan it rjocht.

Dat wie fansels gjin hantlangerstaal fan Van der Goot oan de Dútsers. Op de fraach hoe machtich de folkspartij wie, koe hy nei wierheid antwurdzje dat it ledetal drôvich lyts wie. Dit skriuwen fan Van der Goot ferklearret wêrom’t him ûnder it Frysksinnige diel fan de befolking yn de begjintiid net fuortendaliks in dúdlike skieding fan  geasten ôftekene. Alle rjochtings dielden yn de winsk om ûnder de nije omstannichheden de eigen identiteit helder útkomme te litten. De Fryske selskippen waarden it der gau oer iens dat hja net stribje soene nei oarlochswinst. Dit hie alles te krijen met it besykjen om yn Fryslân in stikje Frysk aktivisme los te krijen fanwege in tal Dútske útspraken.

 MANIFEST 8 JULY 1940

De ienriedigens ûnder it Frysksinnige diel fan de befolking komt ta útering yn in troch 45 persoanen ûnderskreaun manifest dat op 8 july 1940 publisearre is.  It wie opsteld troch Folkertsma en ûnder oaren ûnderskreaun troch Jan Melles van der Goot, E.B. Folkertsma, Doktor Douwe Kalma en Dr.W. Kok, Douwe Kiestra en Fedde Schurer, Jelle Hendriks Brouwer en R.P.Sybesma, Haring Piebenga en Barend van der Veen, Douwe Annes Tamminga en J.J. van Weringh, Jan Walings Dykstra en S.J. van der Molen, S.W. Wendelaar Bonga en S.D. de Jong. It is in typysk tiidsdokumint wurden mar oan ’e oare kant ek in stikje taktyk. It kiest net foar de nije Dútske oarder en ek net tsjin de âlde oarder.

Yn it niisneamde manifest wurdt de term ,,âld Germaansk folk” brûkt en dat is minder in bûgjen foar de Dútskers as in oansizzing yn har eigen spraakgebrûk om witte te litten mei wa’t hja te dwaan hawwe, nammentlik in lân en in folk dy’t al mannich stoarm trochstien hawwe en har no geastlik tariede om it op ‘e nij te dwaan. Yn it dokumint fan Folkersma stiet: ,,Fryslân libbet……..âld Germaansk folk as it is, en it striidt de ieuwene striid foar syn bestean, syn karakter, syn ûntjouwing, syn nasjonale rjochten en belangen”.

Fierder yn it manifest: ,,Sa’n grutte stoarmige tiid kin in folk allinne treast wêze as it geef en sûn is, woartel hat yn d’ieuwen, trou bliuwt oan syn histoaryske ropping, himsels wêze doart, heldhaftich libbet en striidt. Wês Fries, haw frijheit, karakter en eare. Ferbrek jim net, eangje gjin tiid, noch ûnwissichheid, noch it beskikte. Kom alderearst op foar jimme eigen belangen, Fryslân sines: de ekonomyske, de sosjale, de steatkundige, de kulturele.

En ta beslút:,,Lit  ús mei-inoar oparbeidzje, elk op syn plak, oan Fryske kultuer, wittenskip en keunst. Striid mei foar de rjochten fan de Fryske folkstaal yn skoalle, tsjerke, rjochtspraak en bestjoer. Striid mei foar ús Fryskkundige amtners en foaroanmannen, striid mei ús tsjin alle kultureel en polityk sintralisme”. Dit dokumint moat ferstien wurde yn’e geast fan de tiid dêr’t it yn opsteld is. De oarloch stie ynearsten stil en de earste kjeld wie oer. Der begun him in Dútsk boargerlik bestjoer te ynstallearjen dochs dat socht noch om in passende styl. De Fryske Selskippen funksjonearren noch en de tiidskriften ferskynden noch en diskusje mei de Dútsers wie noch mooglik. Ta in soarte fan konfrontaasje wie it noch net kommen.

By dit manifest hearde in program dat it oer in rjochtfeardiger ferparte folksynkommen hie; ferbettering fan de Fryske ekonomy, desintralisaasje en ûnderwiis yn it Frysk op alle skoallen fan heech oant leech, mar dêr’t in feroaring fan it steatsferbân dúdlik yn ôfwiisd waard. Mei oare wurden: Fryslân net tsjin Hollân.

JAN MELLES VAN DER GOOT VANAF 10 MEI 1940.

Jan Melles was een voorzichtige aanhanger van Hitler en zijn nieuwe heidendom. Hij wilde de partijtegenstelling uitbannen; de consequenties van een eenpartijstelsel was daardoor dichtbij. De kerken moesten zich buiten de politiek houden. De Duitse volksaard van het Duitse nationaalsocialisme sprak tot zijn verbeelding. Hij meende er perspectieven in te zien voor het behoud van de Friese identiteit naar bloed en aard. Ook zag hij kansen voor het versterken van de Friese cultuur.

Hoewel hij dus pro-Duits was, was hij geen voorstander van een Duitse bezetting. Na het uitbreken van de Tweede Wereldoorlog in Nederland op 10 mei 1940 schrijft Jan Melles in het juninummer van It Fryske Folk (het eerste nummer na de Duitse inval) dat hij liever had gezien dat Nederland in oorlog was gekomen met Engeland en Frankrijk dan met Duitsland. Jan Melles was het eens met meer zaken die de Duitsers bestreden. Friese en Hollandse belangen waren gelijk aan die van Duitsland. Maar voor de overval op Nederland bestond er volgens Jan Melles geen rechtvaardiging. De Duitse inval had volgens hem niet het zuivere doel voor ogen om een rechtmatige levensruimte te maken. Het leek meer op “naakte overheersing en macht”. Duitsland had zijn woord gebroken om Nederland niet aan te vallen en dat zou Duitsland in de toekomst moeten bekopen. Jan Melles was bang dat Duitsland wat teveel in macht geloofde en te weinig aan recht. Dit was vanzelf geen handlangerstaal van Jan Melles aan de Duitsers. Op de vraag hoe machtig de Folkspartij was, kon hij naar waarheid antwoorden dat het ledenaantal bedroevend weinig was. Dit artikel van Jan Melles verklaarde waarom zich onder het Friese deel van de bevolking in de begintijd niet direct een duidelijke scheiding van geesten aftekende. Alle richtingen deelden in de wens om onder de nieuwe omstandigheden de eigen identiteit duidelijk te laten uitkomen. De Friese gezelschappen werden het er snel over eens dat zij niet zouden streven naar oorlogswinst. Dat had alles te maken met het proberen om in Fryslân een stukje Fries activisme los te krijgen door een aantal Duitse uitspraken.

MANIFEST 8 JULI 1940

 De eenheid onder het Frieseigen gedeelte van de bevolking manifesteerde zich in een door 45 personen onderschreven manifest dat op 8 juli 1940 werd gepubliceerd. Het was opgesteld door E.B. Folkertsma en onder anderen ondertekend door Jan Melles van der Goot, E.B. Folkertsma, Doktor Douwe Kalma en Dr. W. Kok, Douwe Kiestra, Fedde Schurer, Jelle Hendriks Brouwer en R.P. Sijbesma, Haring Piebenga en Barend van der Veen, Douwe Annes Tamminga en J.J. van Weringh, Jan Walles Dijkstra, S.J. van der Molen, S.W. Wendelaar Bonga en S.D. de Jong. Het is een echt tijdsdocument geworden maar van de andere kant ook weer een stukje tactiek. Het kiest niet vóór de nieuwe orde maar ook niet tegen de oude orde.

In het manifest wordt de term “oud-Germaans Volk” gebruikt en dat is minder buigen voor de Duitsers als een mededeling in hun eigen spraakgebruik om te laten weten met wie zij te maken hebben. Zij zijn namelijk een land en een volk die al meerdere stormen had doorstaan en zich nu geestelijk voorbereidde om dat opnieuw te doen. In het document schreef Folkertsma verder dat Fryslân leeft…als oud Germaans volk dat eeuwenlang streed voor zijn bestaan, zijn karakter, zijn omgeving, zijn nationale rechten en belangen. Verder stond in het manifest:

“Zo’n grote stormachtige tijd kan een volk alleen ten dienste staan als het zuiver en gezond is, eeuwenoud is, trouw blijft aan zijn historische roeping, heldhaftig leeft en strijdt. Wees een Fries, heb vrijheid, karakter en eer. Blijf die je bent, vrees geen tijd nog onzekerheid, nog alles dat beschikt is. Kom allereerst op voor eigen belang, voor Fryslân; de economische, de sociale, de staatkundige en het culturele. Tot besluit: Laat ons met elkaar optrekken, ieder op zijn plaats, aan de Friesche cultuur, wetenschap en kunst. Strijdt mee voor de rechten van de Friese volkstaal in school, kerk, rechtspraak en bestuur. Strijdt mee voor onze Frieskundige ambtenaren en leidinggevenden; strijdt met ons tegen al het politiek en culturele centralisme”.

Dit document moet begrepen worden in de tijdgeest waarin het is opgesteld. De oorlog was net begonnen en de eerste kou was van de lucht. Het Duitse bestuur begon zich te installeren en dat zocht om een passende stijl. De Friese gezelschappen functioneerden nog evenals de tijdschriften. Met de Duitsers was nog discussie mogelijk. Het was nog niet tot een soort van confrontatie gekomen. Bij dit manifest hoorde in program dat het over een rechtvaardiger verdeeld volksinkomen had, verbetering van de Friese economie, decentralisatie en onderwijs in de Friese taal op alle scholen van hoog tot laag maar waar een verandering van het staatsverband duidelijk werd afgewezen. Met andere woorden: Friesland niet tegen Holland.

DE DUTSKE OERHEARSERS SYKJE KONTAKT

Neigeraden de simmer hege, naam de druk op de liedende minsken fan de Fryske beweging ta. Earst op 1 augustus 1940 ynstallearet Seys Inquart syn ,,Beaufragter” Werner Ross yn Ljouwert mei syn ,,Pressereferent”  Weidlich.

Arend Lang wie hjir al fan de earste oarlochsdagen ôf en hy hie no in pear maten derby krigen: Dr. H.R. Carsten en Dr. Willy Krogmann, beide filologen.

Arend Lang wie in medikus fan Eastfryske komôf mei relaasjes yn Westerlauwersk Fryslân, ek troch syn publikaasjes. Hy wie lid fan NSDAP fan 1931 ôf en hy hie sûnt 1938 in baan hân by de Stêd Wenen. Arend Lang wie nei Fryslân stjoerd as agint fan de Sicherheitsdienst en mei in opdracht fan it saneamde Rasse- und Siedlungshauptamt om oer de Fryske Beweging rapport út te bringen. Fan de earder neamde Carsten en Krogmann is allinne bekend dat hja yn Fryslân taholden mei in opdracht fan it Reichskommissariat yn Den Haach. Hja kamen fan ien of oar ûndúdlik buro yn Berlyn mar wiene hjirre as Eastfriezen, lykas Arend Lang, op bekend terrein. Hja reizgen yn de simmer fan 1940 keatspartijen en oare folksfeesten ôf en sochten flitich Fryske foaroanmannen op  wêrby’t hja royaal wiene mei ûnthjitten, al wie de kondysje dan fansels wol in soarte bekearing ta de Germaanske nije oarder dêr’t de friezen in heech plak yn krije soene.

Grutte foardielen leine daliks te wachtsjen. J.J. Kalma hat ris sein: “Jild koe men krije, boargemastersfunksjes ensfh. As wy mar meidiene”.

Arend Lang wie al op Pinkstermoandei 13 maaie 1940 by Dr. G.A. Wumkes foarriden kommen oan de Huzumerleane yn Ljouwert yn in grutte auto mei Dútsk nûmerboerd. Dy húsbesite wurdt opmurken troch de ferneamde oerbuorman Hindrik Algra. Dizze lêstneamde freget Wumkes nei it doel fan de besite. Wumkes hie te hearren krigen dat de Friezen mar sizze moasten wat hja woene. Hja soene alles krije wat oant no ta yn Den Haach net te heljen wie. Wumkes wie bibliotekaris yn tsjinst fan de provinsje Fryslân en immen dy’t op tsjerklik mêd in soad foar it Frysk betsjutten hat.

It wie foar dizze Dútsers de romantyk fan it begjin doe’t foar har noch alles fleurich like en de nije oarder him noch net sa dúdlik ôftekene. Seys Inquart hie op 29 juny 1940 al in besite brocht oan Fryslân en op 31 july kaam ,,Reichsführer” Heinrich Himmler yn selskip fan Hermann Conring, de ,,Beautragte” yn Grinslân yn Fryslân op besite. Foar de Fryske Beweging wiene al dizze dingen dúdlike oanwizigingen om op syn iepenst te wêzen.

Dêryn leit de ferklearring foar it ûntstien fan it Trijemanskip. Douwe Kalma hie him hjir foar nei foaren skood en de reade dûmny J.J.Kalma. Der moast noch in tredden taheakke wurde. Dit trijemanskip soe bestean moatte út in man fan rjochts, fan lofts en ien fan de Fryske Folkspartij.

Dat de lytse Folkspartij der by helle waard hie twa redenen: it soe de Dútske oerheid mear betrouwen jaan en de Folkspartij soe der wat troch yn goede banen holden wurde kinne om Jan Melles van der Goot syn ôfkar fan de Dútske oerfal ek wat betrouwen te jaan. Douwe Kalma krige fan Selskip 1844 de opdracht om Jan Melles van der Goot ris te tantsjen foar it tredde plak yn dit Trijemanskip. Kalma hie him foarôf fermoedsoene mei Jan Melles van der Goot dy’t him in tiid lang hjitfolge hie. Kalma sei ek dat hy lid wurden wie fan Jan Melles van der Goot syn partij, de Fryske Folkspartij.

Douwe Kalma hie al in mannich ommeswaaien op syn namme stean (bynamme Douwe sich-sach) mar dit wie de grutste en de needlottichste: Douwe Kalma, de anglofyl dy’t ynienen de Dútske kant keas.

Hiel dúdlik wiene de wurden fan Selskipsskathâlder Tsjeard de Vries: ,,Kalma, hie dat earder sein, want dan kinne jo ús man net wêze”. It hat ûnder dy driging west dat Kalma de reis oangyng dy’t foar Van der Goot bedoeld wie en de konsekwinte nasjonaal-sosjalist Rintsje Sybesma oplevere. Neffens Douwe Kalma syn berjocht oan Selskipsfoarsitter J.W.Dykstra hat van der Goot foar it Trijemanskip betanke omt hy gjin sit hawwe woe yn allinne mar in kultureel orgaan sa’t hy it Trijemanskip beskôge. Fan Jan Melles van der Goot wie bekend dat hy wearzge fan kultuer. It kin hiel goed wêze dat Jan Melles van der Goot op dat stuit betanke omt hy him net sa goed fielde. Der komt by dat – nei men oannimme mei -  Douwe Kalma leaver Rintsje Sybesma hie.

IT LIBBENSEIN FAN JAN MELLES

Jan Melles van der Goot wie siik weromkommen út Den Haach dêr’t er him ferantwurdzjen moatten hie foar syn artikel yn it junynûmer fan ,,It Fryske Folk”. Hjiryn hie hy him útsprutsen tsjin de Dútske oerfal te wêzen. Koart dêrnei komt  Jan Melles van der Goot op 29 juli 1940 yn de leeftyd fan 36 jier te ferstjerren. Hy hie in wiffe sûnens en ferslaafd oan morfine. Oer de fraach oft syn Haachske reis wat mei syn lêste sykte te krijen hân hat, kin allinne mar spekulearre wurde. Fanwege syn dea 4 dagen nei de besite oan Seys-Ynquart waard ek wolris it wurd “moard” yn ‘e mûle nommen sûnder dat der bewiis foar wie. It soe ek wêze kinne dat it tefolle morfine ynnimme yn ien kear him te folle wurden is. Wer oaren tinke dat Jan Melles fergiftige is. Jan Melles van der Goot krige in grutte begraffenis nettsjinsteande syn hâlding tsjin de ynwenners fan Sondel oer. Hy rûn de ynwenners foarby sûnder harren te sjen of te groetsjen en dat kaam him te stean op syn Sondeler bynamme ,,Stalen Jezus”.  Der binne oanwizings dat yn in brief oan dizze en jinge Jan Melles van der Goot him fan de Dútsers ôfkeare wollen hat. In oertsjûgjend bewiis lykwols ûntbrekt. Mar der is likemin bewiis dat de trije unifoarmearre Dútske ôffurdigen, dy’t op it Wikelder Tsjerkhôf de Hitler-groet brochten – dat diene foar in hûndert prosint freon. De Dútske belangstelling moat grif ferklearre wurde as fuortkommend út de hege ferwachting dy’t de hege hearen yn dy tiid noch fan Fryslân hiene. Dr. J. Kalma hy op fersyk fan de famylje de leiding fan de tsjerketsjinst. Foargonger Kalma iepene de tsjinst mei it lêzen fan Psalm 90 oer ,, It gebed fan Mozes, de Godsman”.

Kalma rjochtte him yn it foarste plak ta de famylje fan Jan Melles. ,, It hie wis net altyt maklik west de ferstoarne te begripen, mar wa’t dit libben oersjocht, kin der net oan twifelje, dat dit in roppene wie, in roppene fan Fryslân”. Kalma woe it oan de meistriders en freonen fan Jan Melles oerlitte om dy syn wêzen en wurk helderder te beskriuwen. Kalma wiisde der fierder op dat it libben fan Jan Melles  syn betsjutting krigen hat troch Him, dy’t Hear is oer libben en dea beide. ,, Him opdraagjend oan dy Iene moatte wy him ôfstean”.

De oanwêzigen hawwe op it Wikelder tsjerkhôf de wyn fan de nije oarder wol waaien field: de klacht fan Douwe Kiestra dat Jan Melles van der Goot deagean moast krekt foar’t syn stribjen frucht drage soe. Douwe Kalma syn ferklearring ,,út namme fan it Fryske Folk” dat Jan Melles stoarn wie ,, net op de ein mar oan it begjin” fan in tiidrek. Kalma helle 4 mominten út it libben fan Jan Melles nei foaren. Harren earste moeting by in Snitser jongereinklup; de stipe fan Jan Melles as jong strider oan de A.F.U.K.; it wurk foar de Fryske Beweging en de striid yn de Mienskip fan 1932. Rintsje P. Sybesma spruts fan syn lêste groet oan in geafeint en in lyktinkende. Hy hie Jan Melles fan jongs ôf kend en in soad mei him belibbe. ,,Wat de jonge Jan Melles yn syn jonkheit tipearre, is letter yn him as Fryske strider folslein ta klearens kommen. Ien dy’t freone mei him west hat, ferjit him net”.  Uteinlik noch in taspraak fan in Dútser yn unifoarm mei de namme Dr. R.P.Oswald. Hy spruts yn it Dútsk oer de freonskip en wurdearring foar Jan Melles, ien fan de beste soannen fan Fryslân. Wa en wat wie dizze Oswald? Yn Wikel hie nimmen fan him heard. Sûnt de ,,Machtübernahme”yn Dútslân hie hy him ûntjûn as in krêftich propagandist fan de Dútsk-Dytske bloedbannen en alles wat nei syn betinken dêr kultureel en polityk út folgje moast.

Wat hy woe ferskilde net folle mei de bedoelings fan Mussert. Yn 1940 hat hy in skoft op it Reichskommissariat yn Den Haach wurke. Yn Wikel fertsjinwurdige hy Dr. Seys Inquart. Dit wie wol in bewiis hoe’t Seys Inquart noch ûnkundich yn Fryslân, seach nei de ferhâldings. As lêste betanke heit Melle van der Goot de sprekkers en de oare oanwêzigen.

Douwe Kiestra is Jan Melles van der Goot opfolge as foarsitter fan de Fryske Folkspartij. Kiestra hie al gau Jan Melles van der Goot syn krityske wurden oer de Dútske oerfal behimmele yn ,,It Fryske Folk”. ,,It hie earst alles net sa dúdlik west”, skreau hy,  ,,it Dútske wytboek, dat yntusken ferskynd wie, hie no wol alle twifels oer de goede reden fan de ynvaazje weinommen”.!!

DE DUITSE OVERHEERSERS ZOEKEN CONTACT

Halverwege de zomer nam de druk op de leidende mensen van de Fryske Beweging toe. Eerst op 1 augustus 1940 installeerde Seys Inquart zijn “Beauftragte” Werner Ross in Leeuwarden met zijn persvertegenwoordiger Weidlich. De Duitser Arend Lang was hier al vanaf de eerste oorlogsdagen en nu had hij er een paar collega’s bijgekregen: Dr. H.R.Carsten en Dr. Willy Krogmann, beiden waren filologen. Arend Lang was een medicus van Oostfriese afkomst met relaties in het Westerlauwerse Fryslân, ook door zijn publicaties. Hij was lid van de NSDAP vanaf 1931 en hij had sedert 1938 een baan gehad bij de stad Wenen. Arend Lang was naar Friesland gestuurd als agent van de Sicherheidsdienst. Hij had de opdracht gekregen van het zogenaamde Rasse- en Siedlungshauptamt om over de Friesche Beweging rapport uit te brengen. Van de eerdergenoemde heren Carsten en Krogmann is alleen bekend dat zij in Friesland verbleven met een opdracht vanuit het Reichscommissariaat in Den Haag. Zij kwamen vanuit een of ander onduidelijk bureau in Berlijn maar waren hier als Oostfriezen, zoals Arend Lang, op bekend terrein. In de zomer van 1940 reisden zij naar kaatspartijen en andere volksfeesten. Zij zochten daarbij vlijtig ijverige Friese leiders op waarbij ze erg royaal waren met beloftes.

De voorwaarde daarbij was wel dat er een soort van bekering moest plaatsvinden tot de Germaanse nieuwe orde waar de Friezen een hoge positie in zouden verwerven. Er lagen direct grote voordelen te wachten. J.J. Kalma had al een gezegd: “Wij konden geld krijgen, burgemeestersfuncties enz. als wij maar meededen”.

Arend Lang was al op Pinkstermaandag 13 mei 1940 bij Dr. G.A. Wumkes voorgereden aan de Huizumerlaan in Leeuwarden in een grote auto met Duits nummerbord. Dat huisbezoek was opgemerkt door de zeer bekende overbuurman Hendrik Algra. Naderhand vroeg Algra aan Wumkes wat het doel van deze visite was geweest. Wumkes had te horen gekregen dat de Friezen maar moesten zeggen wat ze wilden. Ze konden alles krijgen want tot nu toe in Den Haag bereikt was. Wumkes was bibliothecaris in dienst van de provincie Friesland en iemand die op kerkelijk gebied veel voor de Friese taal heeft betekend. Het was voor de Duitsers de romantiek van het oorlogsbegin toen voor hen nog alles fleurig leek en de nieuwe orde zich nog niet zo duidelijk had laten gelden. Seys Inquart had op 29 juni 1940 al een bezoek aan Friesland gebracht en o p31 juli 1940 kwam Reichsführer Heinrich Himmler op visite in gezelschap van Hermann Conring, de Beauftragte in Groningen en Friesland. Voor de Friesche Beweging waren al deze dingen duidelijke aanwijzingen om goed op te letten. Daarin ligt ook de verklaring voor het ontstaan van Driemanschap. Douwe Kalma had zich hiervoor naar voren geschoven evenals de rode dominee J.J. Kalma. Er moest nog een derde persoon aan toegevoegd worden. Het Driemanschap zou moesten bestaan uit een man van rechts, van links en een van de Fryske Folkspartij.

Dat de kleine Folkspartij er bij betrokken zou worden had twee redenen: Het zou de Duitse overheid meer vertrouwen geven en de Folkspartij zou daardoor in goede banen kunnen worden gehouden omdat Jan Melles van der Goot zijn afkeer van de Duitse overval wat vertrouwen zou geven. Douwe Kalma kreeg van het Selskip 1844 de opdracht om Jan Melles te polsen voor het zitting nemen in het driemanschap. Kalma had zich vooraf verzoend met Jan Melles omdat deze hem lang had getergd. Kalma had gezegd dat hij lid was geworden van de Fryske Folkspartij, de partij van Jan Melles. Douwe Kalma had al veel meningsveranderingen op zijn naam staan. Hij had daarom als bijnaam Douwe Zigzag. Maar deze verandering was de grootste en de noodlottigste: Douwe Kalma, de Engelandaanhanger die ineens de Duitse kant koos. De woorden van de eigen penningmeester Tsjeard de Vries waren heel duidelijk: “Had Kalma dat maar eerder gezegd want dan kon hij onze vertegenwoordiger niet zijn”. Onder die dreiging ging Kalma de reis aan die voor Van der Goot bedoeld was en een consequente nationaalsocialist Rintje P. Sijbesma opleverde. Volgens een mededeling van Douwe Kalma aan de voorzitter J.W. Dykstra van het Frysk Selskip had Jan Melles bedankt voor het Driemanschap omdat hij vanuit zijn visie geen deel wilde uitmaken van een orgaan dat alleen maar cultureel zou opereren. Van Jan Melles was bekend dat hij cultuur verafschuwde. Het kan ook zijn dat Jan Melles op dat moment omdat hij zich niet gezond voelde. Verder komt erbij dat – naar men mag aannemen – Douwe Kalma liever Rintje P. Sijbesma binnen zijn gelederen had.

HET LEVENSEINDE VAN JAN MELLES VAN DER GOOT

 Na zijn bezoek aan Seys Inquart in Den Haag was Jan Melles ziek weer thuisgekomen. Hij had zich hier moeten verantwoorden voor zijn artikelnummer in het blad “It Fryske Folk”. Daarin had hij geschreven dat hij tegen een Duitse inval was. Vier dagen na het bezoek stierf hij op 29 juli 1940 in de leeftijd van 36 jaar. Hij had een zwakke gezondheid en was verslaafd aan morfine. Er kan alleen maar gespeculeerd worden over de vraag of de reis naar Den Haag met laatstgenoemde te maken had. Doordat hij zo snel overleed na het bezoek aan Seys Inquart werd weleens het woord “moord” in de mond genomen zonder dat daar een bewijs voor was. De oorzaak kon ook geweest zijn dat hij te veel morfine in een keer genomen had. Weer anderen vermoeden dat hij vergiftigd is.

Jan Melles van der Goot kreeg een grote begrafenis ondanks zijn houding tegenover de inwoners van Sondel. Hij liep de inwoners altijd voorbij zonder hun aan te kijken of te groeten en dat kwam hem te staan op de bijnaam in Sondel van “Stalen Jezus”. Er zijn aanwijzingen dat Jan Melles in een brief aan enkele personen zich van de Duitsers had willen afkeren. Hierover ontbreekt een overtuigend bewijs. Maar er is evenmin bewijs dat de drie geüniformeerde Duitse afgevaardigden, die op het kerkhof in Wijckel de Hitlergroet brachten – dat deden voor een honderdprocent vriend. De Duitse aanwezigheid moet zonder meer verklaard worden uit de hoge Duitse verwachting die men met Friesland had. Dr. J. Kalma had op verzoek van de familie de leiding van de kerkdienst. Voorganger Kalma opende de dienst met het lezen van Psalm 90 over “Het gebed van Mozes, de Godsman”.

Kalma had zich eerst tot de familie van Jan Melles gewend met: Het zal zeker niet gemakkelijk zijn geweest de overledenen te begrijpen. Maar wie zijn leven overziet, hoeft er niet aan te twijfelen dat hij een geroepene was, een geroepene van Friesland. Kalma liet aan de medestrijders en de vrienden van Jan Melles over om diens persoonlijkheid en werk helder te omschrijven. Kalma wees er verder op dat het leven van Jan Melles zijn betekenis had gekregen door Hem, die Heer is over zowel levens als dood. “Hem opdragen aan die Ene moeten wij hem afstaan”.

De aanwezigen op het kerkhof in Wijckel hebben de wind van de nieuwe orde wel voelen waaien.: de klacht van Douwe Kiestra dat Jan Melles moest sterven juist voordat zijn streven vrucht zou dragen. Douwe Kalma verklaarde "uit “naam van It Fryske Folk” dat Jan Melles was gestorven “niet op het eind maar aan het begin” van een nieuw tijdperk. Kalma haalde vier momenten uit het leven van Jan Melles naar voren: Hun eerste ontmoeting bij een Sneker Jongelingsvereniging; de steun van Jan Melles als jonge strijder aan de AFUK (de Algemene Friese Onderwijskommissie); het werk voor de Friese Beweging en de strijd in de Mienskip van 1932. Rintje P. Sijbesma sprak van een laatste groet aan een vriend en gelijkgestemde. Hij had Jan Melles van jongs af aan gekend en veel met hem beleefd. “Wat de jonge Jan Melles in zijn jonge jaren typeerde, is later in hem als Friese strijder volledigheid tot ontwikkeling gekomen. Iemand die vriend met hem geweest is, zal hem niet vergeten”. Tenslotte is er nog een toespraak van een Duitser in uniform met de naam Dr. R.P. Oswald.

Hij sprak in het Duits over zijn vriendschap en waardering voor Jan Melles. Hij noemde hem een van de beste zonen van Friesland. Wie was deze Oswald? In Wijckel in ieder geval had niemand van hem gehoord. Sedert de machtsovername in Duitsland had hij zich laten gelden als een krachtig propagandist van de Duitse-Dytske bledbanden en alles wat er volgens hem cultureel en politiek daarop moest volgen. Zijn bedoelingen waren niet veel anders dan die van Mussert. In 1940 had hij een tijdje op het Reichscommissariaat gewerkt in den Haag. In Wijckel vertegenwoordigde hij Dr. Seys-Inquart. Dit was wel het bewijs hoe Seys-Inquart nog onkundig in Friesland naar de verhoudingen zag. Als laatste spreker bedankte vader Melle van der Goot de sprekers en de andere aanwezigen.

Douwe Kiestra is Jan Melles van der Goot opgevolgd als voorzitter van de Fryske Folkspartij. Kiestra had al snel de kritische woorden van Jan Melles over de Duitse inval anders verwoord in It Fryske Folk”.  “Het was in het begin eerst niet allemaal duidelijk geweest”, schreef hij. “Het Duitse Witboek, dat intussen was verschenen, had no wel alle twijfels weggenomen over de goede reden van de invasie.

Foto J.G Vogelzang

It teken dat ûnderoan op de grêfstien stiet hat in betsjutting. Yn de Grutte Winkler Prins ensyklopedy stiet dit teken op side 579 as in runeteken beskreaun. Neffens Kramers Woordenboek Nederlands is in runeteken: Oud Germaans letterteken, meestal in steen gegrift. It boppeste part fan it teken betsjut: (bescherming, contact met de goden). It ûnderste part is it spegelbyld fan it boppeste. De omskriuwing is: ,,Gevaar, oneerlijkheid, wantrouwen, op dit moment ben je ontvankelijk voor de andere mensen”.  It is net bekend wa’t de opdrachtjouwer en ûntwerper west hat foar de stien.

WA WIE DOUWE KIESTRA

Troch Pieter de Groot yn de Ljouwerter Krante yn syn rubryk “Harje”.

De Tersoalster skriuwer en boer Douwe Hermans Kiestra (1899 – 1970) wie lid fan de SS en hie in liedende rol spile yn de Fryske - troch de besetter lykskeakele – boerenorganisaasjes. De Bijzondere Rechtspleging yn Snits hie Kiestra feroardiele ta in straf fan 2,5 jier. Hy hat dy straf útsitten yn ynternearingskampen yn de folchoarder fan Sondel, Luttelgeest, Westerbork en Sellingerbeetse. Yn dy kamptiid is Kiestra ta ynsjoch kommen dat hy yn de oarloch ferkeard west wie en dêr tsjûgde hy fan yn syn gedichten. De ynspiraasje hjirfoar helle hy út it kristlik leauwen. Yn 1946 ferskynde ûnder de skúlnamme D. Van Wieren syn bundel “Sinne op ‘e striesek”. Kiestra’s weduwe Aaltje Hannema fûn tusken de papieren fan har man in ûnbekend gedicht dat taskreaun wie oan Durk Willems Dijkstra. Sy joech it gedicht oan de weduwe Dijkstra. Mei har tastimming is dit gedicht bekend wurden:

DURK WILLEMS DIJKSTRA  (stoarn 6 april 1945)

Dou haste, doe’t men jimme
alhiel hjir hinne brocht,
mei jim fiven yn in auto
doe hast it doe wol tocht.

Dou haste beve en freze,
it meast ooan mem en bern,
dy ûre to trochwraks’ljen!
dou soest har net wer sjen.

Jinsels in kûle grave,
Djip yn it giele sân;
tofolle om oan te tinken,
hjir holp gjin koel forstân.

Doch hat dy Immen holpen!
Dou biddend klear en fêst!
Tichter as ea tofoaren
hat Kristus by dy west!

As stúdzjemateriaal is brûkt:

SKIEDNIS FAN DE FRYSKE BIWEGING
Skriuwer: Sjoerd van der Schaaf
Útjefte 1977 Fryske Akademy Nr. 520
Útjouwer: De Tille B.V., Ljouwert

TUSKEN FRYSKE DREAM EN NEDERLÂNSKE MACHT
Skriuwer: Kerst Huisman yn oparbeidzjen mei Tony Feitsma.
Útjefte 2003. Útjouwerij: Frysk en Frij

NEI SAWNTICH JIER
Skriuwer: Dr. G.A. Wumkes
Útjefte: 1949
Útjouwerij: Fa. A.J.Osinga, Boalsert

FRIEZEN EN FASCISTEN
Skriuwer: Oebele Vries

BALKSTER COURANT

LEEUWARDER COURANT

DOUWE KIESTRA EN DE ,,LITERATUERKRITYK” FAN ELSKE SCHOTANUS.
Skriuwer: Publikaasje Abe de Vries
Sjoch op: www.myneigeneker.nl

Parten fan it stúdzjemateriaal binne folsein oernommen.

Het teken dat onderaan op de grafsteen heeft een betekenis. In de Grote Winkler Prins encyclopedie staat het teken op pagina 579 beschreven als een runenteken. Volgens het Kramers Woordenboek Nederlands is een runenteken: "Oud-Germaans letterteken, meestal in steen gegrift”.  Het bovenste gedeelte van het teken betekent: (bescherming, contact met de goden).  Het onderste teken is het spiegelbeeld van het bovenste teken. De omschrijving hiervoor is: “Gevaar, oneerlijkheid, wantrouwen, op dit moment ben je ontvankelijk voor andere mensen”. Het is niet bekend wie de opdrachtgever en ontwerper is geweest.

WIE WAS DOUWE KIESTRA

Door Pieter de Groot in de Leeuwarder Courant in zijn rubriek “Harje”.

“De Tersoolster schrijver en boer Douwe Herman Kiestra (1899 – 1970) , die lid van de SS was en een leidende rol had gespeeld in de Friese, door de bezetter gelijkgeschakelde - boerenorganisaties, moest op last van het Tribunaal van de Bijzondere Rechtspleging in Sneek tot midden september 1947 een straf van 2,5 jaar uitzitten in interneringskampen, achtereenvolgens Sondel, Luttelgeest, Westerbork en Sellingerbeetse. Kiestra was in zijn kamptijd tot het inzicht gekomen dat hij een dwaalweg was gegaan en legde daarvan in gedichten verantwoording af, waarbij hij inspiratie putte uit het christelijk geloof. Een keuze hieruit verscheen in 1946 onder de schuilnaam D. Van Wieren in de bundel “Sinne op ‘e striesek”. In een tot nu toe onbekend gedicht herdacht hij zijn gefusilleerde dorpsgenoot Durk Willems Dijkstra. Kiestra’s weduwe Aaltje Hannema vond het tussen de papieren van haar man en heeft het aan de weduwe Dijkstra gegeven. Met haar toestemming is het gedicht gepubliceerd. Het origineel staat bij de Friese vertaling. Hier een letterlijke vertaling:

DURK WILLEMS DIJKSTRA (overleden 6 april 1945)

Jij hebt, toen men jullie
hier helemaal naar toebracht,
met jullie vijven in een auto
het toen al wel gedacht.

Jij hebt gebeefd en gevreesd,
het meeste om moeder en kinderen,
dat uur te doorworstelen!
jij zou ze nooit weer zien.

Zelf een kuil te graven,
diep in het gele zand;
teveel om aan te denken,
hier hielp geen koel verstand.

Toch heeft Iemand jou geholpen!
Jij biddend klaar en bereid!
Dichter als ooit tevoren
is Christus bij jou geweest”.

Als studiemateriaal is gebruikt:

SKIEDNIS FAN DE FRYSKE BIWEGING
Schrijver: Sjoerd van der Schaaf
Uitgave 1977 Fryske Akademy Nr. 520
Uitgever: De Tille B.V., Ljouwert

TUSKEN FRYSKE DREAM EN NEDERLÂNSKE MACHT
Schrijver: Kerst Huisman in samenwerking met Tony Feitsma.
Uitgave 2003. Uitgeverij: Frysk en Frij

NEI SAWNTICH JIER
Schrijver: Dr. G.A. Wumkes
Uitgave: 1949
Uitgeverij: Fa. A.J.Osinga, Boalsert

FRIEZEN EN FASCISTEN
Schrijver: Oebele Vries

BALKSTER COURANT

LEEUWARDER COURANT

DOUWE KIESTRA EN DE ,,LITERATUERKRITYK” FAN ELSKE SCHOTANUS.
Schrijver: Publikaasje Abe de Vries
Sjoch op: www.myneigeneker.nl

Gedeelten van het studiemateriaal zijn volledig overgenomen.